Dochs ekstra stroomkabels nei Fryske Waadeilannen nedich

De oanlis fan in stroomkabel op in oar plak yn Nederlân © ANP Foto
Om de Fryske Waadeilannen yn de takomst fan genôch stroom te foarsjen, moatte der nije of ekstra kabels troch it Waadgebiet lein wurde. Dat melde Deputearre Steaten yn in brief oan Steateleden, wylst de hoop wie dat it net hoege soe "fanwegen de kwetsberheid fan it Waadgebiet".
It provinsjebestjoer meldt dat netbehearder Liander yn hiel Fryslân wurket oan útwreiding fan de ynfrastruktuer om de druk op it folle elektrisiteitsnet te ferlichtsjen.
Foar Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach is no ûndersocht oft útwreiding needsaaklik is.

Ofspraak wie oars

Troch ferduorsuming freegje ek de eilannen hieltyd mear stroom. Liander stelt op basis fan ûndersyk dat nije kabels needsaaklik binne "om de betrouwbaarheid van het stroomnet op de eilanden hoog te houden".
Dat wylst de provinsje, de Waadgemeenten en de netbehearder yn 2023 ôfpraten dat it útgongspunt foar de ferduorsuming wêze moast dat der gjin ekstra kabels komme soenen.

Tsien jier

Allinnich foar It Amelân jildt miskien noch in útsûndering. Dêr binne yn 2021 al twa nije kabels nei ta lein wêrfan't de kapasiteit (foar in part) bestimd is foar in gasboarplatfoarm benoarden it eilân.
"As it fermogen fan dizze kabels op termyn beskikber komt foar it eilân, is oanlis fan ekstra waadkabels nei It Amelân mooglik net nedich", skriuwe de Deputearre Steaten.
Neffens de Deputearre Steaten sil it seker sa'n tsien jier duorje foardat de kabels der lizze en brûkt wurde kinne.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.