Nijkommers oan de slach yn de hoareka: "Win-win-situaasje"

De Iraanske Mojtaba wurket no trije wiken by Hof van de Koning © Omrop Fryslân
It is in bekend probleem: nij personiel fine yn de hoareka. Dêrom is no it trajekt 'Nieuwkomers in de keuken' úteinset. It helpt nijkommers oan in baan yn de hoareka, mei in oplieding ta basiskok yn 26 wiken.
"Yn coronatiid binne in soad koks fuortgien en net weromkaam. Der is in hiel grut tekoart", fertelt Annette Bliek fan Caparis, ien fan de inisjatyfnimmers fan it trajekt. "Oan de oare kant binne der in hiel protte nijkommers dy't graach kânsen wolle yn ús maatskippij. Dus twa miggen yn ien klap."
Der wie in soad animo foar it trajekt. "Ik hie sa'n 18 oanmeldings. Foar sa'n trajekt is dat in hiel protte. Sy binne net allegear úteinset, mar dêr stean ik wol fersteld fan", seit Bliek. It giet om minsken mei én sûnder hoareka-ûnderfining.

Tweintich jier ûnderfining, gjin diploma

Ien fan dy 'nijkommers yn de keuken' is de Iraanske Mojtaba. Hy is oan it wurk by restaurant Hof van de Koning op It Hearrenfean. "Ik heb in Iran ongeveer 20 jaar in de keuken gewerkt. Ik heb alleen ervaring, maar geen diploma. En dat wil ik wel", fertelt hy.
Mojtaba stiet in pear dagen yn de wike by Hof van de Koning yn de keuken. Dêrneist krije hy en de oare nijkommers yn it trajekt in dei yn de wike fakynhâldlike kokstraining op Firda en Nederlânsk taalûnderwiis, mei de fokus op keukenjargon.
"Wij zijn blij verrast", fertelt Christel Koning, eigeneres fan Hof van de Koning. "Wij waren eerst wel zenuwachtig, want zou er wel een klik zijn en zouden we elkaar wel verstaan? Maar wij hebben het ontzettend getroffen. Mojtaba past precies bij ons, hij is een ontzettend leuke man. Een lot uit de loterij."

Hege besite

Dat entûsjasme mochten Mojtaba en de inisjatyfnimmers moandei oerbringe oan minister Eddy van Hijum van Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. Hy brocht in besite oan it restaurant op It Hearrenfean.
"Der binne dingen dy't betocht wurde yn Den Haag dy't hjir net altyd wurkje. In oantal deidielen ynboargerje is ferplichte, mar as nijkommers ek noch les hawwe by ús en by in bedriuw oan it wurk moatte, dan is it puzelje", seit Bliek.
"Mar wêr kinst better ynboargerje as by in Nederlânske ûndernimmer. Wy hoopje dat de minister it entûsjasme sjocht fan de nijkommers en fan de hoareka-ûndernimmers en sjocht hoe goed oft dit wurket."
"It is in win-win-situaasje", heakket Koning ta.
Minister Eddy van Hijum brocht in besite oan Hof van de Koning © Omrop Fryslân
Oan de ein fan it trajekt hawwe de dielnimmers in diploma foar basiskok. "En as alles goed giet en de match is der dan krije sy mei yngong fan april op kontrakt by it bedriuw dêr't sy no ek wurkje", seit Bliek.
"Mijn collega's zijn heel leuk, Danny, mijn chef, is ook heel leuk", seit Mojtaba. Goed nijs foar Koning: "Wij hopen dat Mojtaba het leuk genoeg vindt om hier te blijven. Wat ons betreft is hij van harte welkom. En wie weet kunnen we in de toekomst wat Iraanse invloeden verwerken in onze keuken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.