Harsenskrabje by boerefertsjinwurdigers oer ekstra miljoenen agrarysk natuerbehear

It kûlisselânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden wurdt foar in wichtich part troch de boeren ûnderhâlden © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Der gean ek yn Fryslân miljoenen ekstra nei agrarysk natuerbehear. Mar wêr moat dat jild hinne? Dêr moat no troch sân agraryske kollektiven oer neitocht wurde.
De agraryske kollektiven fertsjintwurdigje boeren yn Fryslân dy't oan agrarysk natuerbehear dogge.
It is no sa regele dat der lanlik mei it stelsel Agrarisch Natuur- en Landschapsbeheer (ANLB) alle jierren 120 miljoen euro beskikber is. Yn 2026 giet dat omheech nei 500 miljoen euro.

Fryske Agraryske Kollektiven

Fryslân hat goed 2.000 boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge. Se soargje der yn har wurk foar dat de kwaliteit fan natuer en lânskip ferbettere wurdt, bygelyks troch sleatskanten net te meanen of beamwallen te ûnderhâlden.
Dizze boeren binne feriene yn sân kollektiven, ferspraat oer de hiele provinsje: Coöperatieve Vereniging Súdwestkust, Elan Zuidoost Friesland, ANC Westergo, Noardlike Fryske Wâlden, Agrarisch Collectief Waadrâne, Agrarische Natuurvereniging Waddenvogels en Gebiedscoöperatie It Lege Midden.
De boeren krije der meastentiids in lytse fergoeding foar. Mei it heal miljard dat it kabinet-Schoof der no foar útlûke wol, soe it in better fertsjinmodel wurde kinne.
Dat jild is benammen foar boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge, lykas greidefûgelbehear of it ûnderhâlden fan it lânskip. Tink dan oan dat fan de Noardlike Fryske Wâlden.
In fûgelikker yn de winter © Omrop Fryslân
Boeren krije it jild foar agrarysk natuerbehear net yn ien kear fan it Ryk, mar fan sa'n kollektyf.
De kollektiven tsjinje in plan yn by de provinsje foar it hiele gebiet dêr't it de boeren fan fertsjinwurdiget. De provinsje ferpartet it ryksjild op basis fan dy oanfragen oer de kollektiven.

Utwreiding

It ekstra jild moat soargje foar mear boeren dy't meidogge en dat de boeren dy't meidogge faker kieze foar swierdere foarmen fan natuerbehear. Se wolle der ek mear jild foar krije.
No falt der lanlik 100.000 bunder boeregrûn ûnder it agrarysk natuerbehear. Mei it ekstra jild kin dat oprinne oant 280.000 bunder.
It ferdielen fan dat ekstra jild kostet ek wer jild. Mei dêrom is der dit jier al 50 miljoen euro ekstra beskikber. Dat is regele nei in moasje fan it Twadde Keamerlid Pieter Grinwis (ChristenUnie).
Wat de útwreiding oanbelanget, binne der no al wachtlisten mei boeren by ferskate agraryske kollektiven. Der binne ek guon boeren dy't graach mear as no dwaan wolle.
Dit binne de sân agraryske kollektiven yn Fryslân © Omrop Fryslân
"Wy binne dêr al wat op oan it foarsortearjen", seit gebietsregiseur Ikker- en Greidefûgels Sies Krap fan agrarysk kollektyf de Noardlike Fryske Wâlden.
Krap en konsorten ha yn de skriezekrite Bûtenpost-Kollum al ynventarisearre wat de boeren dêr foar eagen ha. Dy wolle graach mear dwaan as no, bygelyks ynsette op de oanlis fan ekstra 'plas-dras'-gebieten of in heger wetterpeil.

Net genôch mankrêft

Dat freget wol wat fan in organisaasje, wit Marjo Metz. Sy is de nije foarsitter fan de koepelorganisaasje fan de sân agraryske kollektiven: BoerenNatuur Fryslân.
As alle boeren dy't hjirtroch yn beweging komme, harren melde, "kinne wy dat op dit momint net oan", seit se. "Want der komt mear by sjen as allinnich in soarte fan 'intakeformulier' ynfolje."
Foarsitter Marjo Metz fan BoerenNatuur Fryslân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De krekte betingsten wêrûnder oft it ekstra jild ferdield wurdt, binne der noch net. Ek is noch net bekend hoefolle jild oft der nei Fryslân komt.
"Der is noch in soad ûndúdlik", fynt Metz ek. "Wy hawwe allegearre de brief fan minister Wiersma fan Lânbou lêze kinnen, mar der moat noch in hiel soad besletten wurde yn de maitiidsnota fan it Ryk."
De kâns bestiet dat de groei fan it Agrarisch Natuur- en Landschapsbeheer yn 2026 noch ûnder de hjoeddeistige betingsten en ôfspraken fierder giet; it is te koart dei foar grutte feroarings.
Want as der al mear dúdlik is, dan moatte de lanlike feroarings ek nochris omset wurde yn provinsjaal belied.

Soad jonge boeren steane derfoar iepen

Dat kin betsjutte dat de groei fan it agrarysk natuerbehear foarearst gebeurt yn de hjoeddeistige, kânsrike gebieten. Bûten dy gebieten kinne boeren yn de hiele provinsje wol meidwaan oan nije behearpakketten foar klimaat en wetter.
Ut in enkête ûnder de leden fan de Agrarische Jongeren Friesland die koartlyn bliken dat in grutte mearderheid iepenstiet foar agrarysk natuerbehear.
Ien fan de boeren dy't graach meidwaan wol, is Hanneke Jellema op Loaiïengea mei in biologysk melkfeebedriuw.
Op de saneamde stippekaart fan har BFVW-neisoarger stean der fan de ôfrûne maitiid behoarlik wat nêsten yntekene fan ljippen, skriezen, tsjirken en in inkele berchein.
Boerinne Hanneke Jellema op Loaiïengea © Omrop Fryslân
Dat is gjin tafal, mar it resultaat fan jierrenlang rekken hâlde mei de greidefûgels. Jellema: "Ik foldoch oan in hiel soad betingsten, lykas fêste stront, it behear fan de sleatswallen en fan alles."
Wat is no handich wêr'tst de kij hâldst en yn hokker folchoarder?
Hanneke Jellema soe graach mear begelieding krije
It is eat dêr't benammen har man Jan mei dwaande wie. Mar dy ferstoar 3,5 jier lyn. Dus hat Hanneke it oppakt.
It giet har net allinnich om jild: "Ik hoopje benammen ek dat it kollektyf hjir (Westergo, red.) wat mear begelieding jaan kin, bygelyks mei it weidzjen. Wat is no handich wêr'tst de kij hâldst en yn hokker folchoarder? En fansels in fergoeding foar de ekstra kosten dy't je stikem dochs meitsje."

Priis

Sy sit noch noch net yn it gebiet dêr't dizze foarm fan agrarysk natuerbehear stipe wurdt. "Mar dêr wurdt oan wurke", seit Jellema. It kollektyf wol har der graach by ha.
Ferline jier wie sy noch ien fan de winners van de Boerefûgellânpriis fan BoerenNatuur Fryslân. En dat wylst sy in modelfleantúchklup as buorlju hat.
Bouboer Jan van der Ploeg © Omrop Fryslân
Yn De Pomp buorket bouboer en pikehâlder Jan van der Ploeg. Hy docht al oan agrarysk natuerbehear.
"Wy ha benammen fûgelikkers en ikkerrânen. Wy binne de lêste jierren in soad dwaande mei rûge dong en wy litte grienbemêsters stean. Dêr profitearje de fûgels fan."
De kampanje 'Gewurde litte' fan it inisjatyf 'Grutsk op ús Greidefûgels' © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Mar hy hopet no op mear: "As der wat mear romte yn in ANLB komt, wol ik noch wol wat mear fûgelikker ha. Dat ha wy earder ek wol dien, mar is no wat minder omdat it yn de regeljouwing net mear sa goed paste. No liket dat in bytsje byskaafd te wurden."

Frijwillich

Dielnimming oan agrarysk natuerbehear is frijwillich, mar de natuerdoelen binne dat net. In boer dy't meidocht, giet dus ek echt ferplichtings oan.
Yn dat ramt binne de útkomsten ek nijsgjirrich fan in evaluaasje fan it agrarysk natuerbehear troch de Wageningen Universiteit. Dy wurde dizze maitiid ferwachte.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.