Antoinette Rijpma-de Jong giet oan kop op it EK allround
Antoinette Rijpma-de Jong giet nei twa ôfstannen oan de lieding fan it Europeesk kampioenskip allround.
De 500 meter wûn se mei oermacht en op de 3.000 meter waard se fiifde. De reedrydster fan Reggeborgh hat boppedat in aardige foarsprong opboud op de topfavorite Joy Beune.
"Best wol hiel moai", sjocht Rijpma-de Jong tefreden werom op de earste dei.
"Ik hie op de 500 meter noch krekt wat mear tiid pakke wollen, mar it wie oké. Op de 3.000 meter wie it in bettere race, ik woe de skea beheind hâlde."
Dêryn slagge se. En dus stiet se boppe-oan en hat se foar de 1.500 meter hast twa sekonden foarsprong op Beune. Dochs hâldt Rijpma-de Jong har kaarten foar de twadde dei tsjin it boarst. "Ik wol net te fier foarút sjen, ik moat gewoan in goeie 1.500 meter ride en dan in goeie 5.000 meter. We sjogge it wol, ik kin der noch net tefolle oer sizze."
Neist Beune sjocht Rijpma-de Jong ek Ragne Wiklund (Noarwegen) en Francesca Lollobrigida (Italië) as konkurrinten. "Mar ik moat net te folle mei oaren dwaande wêze."
Mear sportnijs fynst hjir: