Pikefel foar Rijpma-de Jong by fjirde EK-titel yn fol Thialf: "Dit wie de moaiste!"
It wie o sa spannend, mar úteinlik helle Antoinette Rijpma-de Jong op it nipperke de Europeeske allroundtitel binnen. Dêrmei hat se in soad minsken fernuvere, wêrûnder harsels.
By it hearren fan it Wilhelmus op it poadium kamen de triennen by Rijpma-de Jong. Foaral ek om't se dizze titel behelje koe mei minsken om har hinne dy't se leaf hat. "Myn âlders koene der by wêze. En pake en beppe meitsje it noch mei."
Rijpma-de Jong wie gjin topfavoryt
Joy Beune begûn as grutte favorite oan dit Europeesk kampioenskip allround. Se wie net foar neat twa wiken lyn Nederlânsk kampioen allround wurden. En foarich seizoen wrâldkampioen allround.
Mar de Europeeske titel gie oan har noas foarby. Rijpma-de Jong begûn it wykein mei in goeie 500 meter, wêrop se fuortendaliks in soad tiid pakte op Beune.
Op de 1.500 en 3.000 meter hold Rijpma-de Jong it ferlies beheind, wêrnei't se op de lêste ôfstân 5,77 sekonde ferlieze mocht op Beune.
"Ik tocht foarôf: dit wurdt muoilik, mar tagelyk wie der ek wat mooglik. Dus ik ha mysels deryn fêst biten", sjocht de Rottumse werom op dy ôfslutende 5.000 meter. "Dit wie nei alle gedachten myn lêste 5 kilometer fan it seizoen, dus ik tocht: alles of neat want ik wol yn dy koets!"
Hynstekeuring
Dêrmei doelt Rijpma-de Jong op de huldiging. De allroundkampioenen yn Thialf krije altyd in earerûntsje yn in belslide, dy't lutsen wurdt troch Fryske hynders.
Dêroer sprutsen: sneintemoarn hie Rijpma-de Jong de hynstekeuring by Omrop Fryslân noch efkes werom sjoen. Se is fan lyts famke ôf al hielendal gek fan hynders. "We giene der altyd nei ta. Dus ik woe efkes sjen wa't der kampioen wurden wie", laket se.
Dat Rijpma-de Jong 'de koets' yn mocht, kaam trochdat se de skea op de 5.000 meter beheind wist te hâlden oant 4,58 sekonde. En dus hie se noch krekt wat mear as in sekonde oer op Beune.
"Ik wist yn it lêste rûntsje net hoe grut it gat wie, dus it wie alles of neat", fertelt de 29-jierrige Rijpma-de Jong. "Doe telden se ôf en tocht ik: shit, dy foet moat nei foar, ik moat it no dwaan. Doe't ik dêrnei 1 stean seach op it skoareboerd, foel der safolle spanning fan my ôf."
My hoechst noch net ôf te skriuwen.
Se waard dus foarôf net ynskaald as topfavoryt. "Der hiene amper minsken tocht: Antoinette giet him heljen. Dan is it moai om elkenien noch te ferbazen, ynklusyf mysels, troch de Europeeske titel te pakken. My hoechst noch net ôf te skriuwen."
Dat Rijpma-de Jong foar de fjirde kear Europeesk kampioen allround wurdt, is ek wol wer opfallend. Mei har oerstap nei Reggeborgh ôfrûne simmer hat se har mear talein op de 1.000 en 1.500 meter. Dêrtroch hat se de 3.000 en 5.000 meter minder ûnder de knibbel.
"Dy langere ôfstannen wiene hiel lang best wol muoilik. It rûn hieltyd net", jout de Rottumse ta. "Eltse kear byt ik my der wer yn fêst en besykje ik it wer. En wer. No falt it einliks op syn plak."
Ien kear earder waard Rijpma-de Jong Europeesk kampioen yn Thialf. Dat wie lykwols yn in leech stadion, om't it yn de coronaperioade wie.
De omstannichheden wiene no wol oars. "Dit wie de moaiste! In fol Thialf is it bysûnderst wat der is. Ast al dy minsken hearst, dêr krijst pikefel fan. Dat hast allinnich hjir. Elkenien libbet mei, moai. Better kin eins net!"