'Fertochte oaljetanker fear ek boppe wichtige seekabel benoarden Skylge'

Ofbylding as yllustraasje © ANP
De oaljetanker dy't ein desimber nei alle gedachten in oantal kabels yn de Eastsee fernield hat, fear in jier earder ek twa oeren lang boppe in wichtige telekommunnikaasjekabel benoarden Skylge.
Dat meldt de NRC, dy't ûndersyk dien hat nei de sinjalen dy't it lokaasjesysteem fan it skip útstjoerde.
Ut dy AIS-sinjalen docht bliken dat it skip, de Eagle S, op 24 novimber 2023 op 'e Noardsee yn noardeastlike rjochting fear en ynienen fan koers feroare. It skip gie nei it súdeasten, doe't it jûns oankaam op in lokaasje sa'n 50 kilometer boppe Skylge.
Dêr leit de trans-Atlantyske datakabel Atlantic Crossing 1, dy't de Feriene Steaten mei it Feriene Keninkryk, Dútslân en Nederlân ferbynt.

Finlân fertinkt Ruslân fan sabotaazje

It skip fear dy jûn sa'n twa oeren stadich hinne en wer boppe de seekabel. Wat de Eagle S dêr die, is ûnbekend.
Finlân hat it skip yntusken oan 'e ketting lein foar ûndersyk. De Eagle S hat mei ien fan syn ankers nei alle gedacht in stroomkabel tusken Estlân en Finlân skansearre. De bemanning wurdt yn Finlân fêstholden.
De Finnen tinke dat it skip by de Russyske skaadfloat fan âlde oaljetankers heart, wêrmei't dat lân besiket de sanksjes te omsilen. Finlân fertinkt Ruslân fan belutsenheid by de sabotaazje fan seekabels.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.