Eachdokter yn Snits wol fjoerwurkferbod: "Niet fijn om je ogen kwijt te zijn"
Boargemasters fan de grutte stêden en eachdokters pleitsje foar in lanlik fjoerwurkferbod. Se dogge dat neidat der ek dit jier wer tal fan ynsidinten west ha. Under mear yn it Antonius sikehûs yn Snits sjogge se mei jierwikselingen jonge bern mei slimme ferwûningen foarbykommen.
Ien kear yn de safolle jier is it wer safier: dan hat eachdokter Muriel Vermeulen wer tsjinst mei âld en nij. "Het is dan toch wel voorbereiden op wat er gaat komen", fertelt se. "Het zijn vaak kruitwonden of ernstige trauma's, dat wisselt een beetje. Maar je moet wel echt klaarstaan."
Dit jier wie it relatyf rêstich yn it sikehûs fan Snits; der kamen op de spoedeaskjende help gjin fjoerwurkslachtoffers binnen. Mar fan de ôfrûne jierren binne ferskate foarbylden Vermeulen bybleaun.
Omstanners reitsje ferwûne
"Het zijn vaak de omstanders die gewond raken, niet alleen maar de de mensen die zelf vuurwerk afsteken." Sa as in jonkje fan seis dat in fjoerpylk yn syn each krige, of in famke dat by in fjoer stie dêr't in Cobra (swier fjoerwurk) yn smiten waard.
"Voor de toekomst van zulke kinderen heeft dat wel impact. Ze kunnen geen vrachtwagenchauffeur meer worden, geen piloot, voor een rijbewijs moet je keuringen aanvragen, het is niet fijn", seit Vermeulen.
Frustrearjend
Boargemasters wolle fanwegen de ûngelokken in lanlik ferbod, omdat se fine dat in ferbod op gemeentlik nivo net in soad úthellet. De mearderheid fan de Twadde Keamer is lykwols net foar in fjoerwurkferbod en dus bliuwt de tradysje foarearst yn stân.
"Frustrerend", fynt Vermeulen it. "Het is ontzettend sneu dat wat je om je heen ziet voorkomen kan worden. Dat er ook alternatieven zijn. Het is jammer dat de politiek de burgemeesters niet steunt."
In enkête fan IPSOS lit sjen dat hieltyd mear minsken it mei Vermeulen iens binne. Wie ferline jier noch 54 prosint fan de minsken foar in fjoerwurkferbod, dat is no 57 prosint.
Op strjitte binne de mieningen ferdield: