Wykplysje bewust bekûgele: "Er verzamelde zich een grote groep jeugd tegenover ons"

De plysje yn aksje yn Sint Anne © CAMJO Media
De wykplysje fan Sint Anne is yn de nacht fan âld en nij bewust bekûgele mei fjoerwurk, bier en oar guod. Dat skriuwt de plysje yn in berjocht op Instagram.
"Er verzamelde zich een grote groep jeugd tegenover ons. Waarvandaan na korte tijd het eerste zware vuurwerk doelbewust naar ons toe werd gegooid, gevolgd door flesjes bier, vuurpijlen en andere spullen."
"Omdat wij net als iedereen ook thuis willen komen, moesten we wel weggaan. Dat vind ik als wijkagent van dit dorp erg jammer."
Doe't de 'gewoane' plysjes har weromlutsen hiene, kaam de mobile ienheid fan de plysje nei Sint-Anne. Dat binne plysjes mei skylden en helms. Ien minderjierrige is oanholden nei oanlieding fan de ûngeregeldheden yn it doarp.

"Dit was hun plek"

De wykplysje hat letter yn de âldjiersnacht praat mei jongeren út it doarp. "Tijdens gesprekken met jeugdigen krijg ik te horen dat het onze eigen schuld was. Want wij als politie hadden hier nooit moeten gaan staan. Dit was hun plek."
Dizze meidieling fernuveret de plysje, stiet yn it online berjocht. "Waarom? Waarom mogen wij niet zoals iedereen ook op straat staan? En waarom moeten jullie ons bekogelen waarop er besloten wordt dat de ME moest komen..."
Dizze wykplysje giet "met schaamte" it nije jier yn. "Ik vind het superjammer dat dit nodig was, want we hadden er graag gezamenlijk een gezellige jaarwisseling van gemaakt."
Sjoch hjir foar in oersjoch fan it 112-nijs nei middernacht:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.