Noardwâlde knalt op it nipperke mei karbid, nei grien ljocht fan de rjochter

Karbid en hynders, net altyd in lokkige komby © ANP
It karbidsjitten oan de Puntersweg yn Noardwâlde koe trochgean op âldjiersdei. Dat wie net fanselssprekkend, want de rjochter moast dêr in dei earder útspraak oer dwaan.
Efterbuorfrou Linda van der Heide hie en hat noed oer har dressuerhynders. Dy hawwe in soad wearde en binne boppedat flink gefoelich foar de karbidklappen. Sy wennet op sa'n 130 meter ôfstan fan de karbidlokaasje.
Van der Heide seit neat tsjin it karbidsjitten te hawwen, mar wol it net sa tichtby har hynders.
"Ik heb topsport dressuurpaarden van grote waarde op stal. En die zijn zo gefokt dat ze veel sensitiever zijn dan bijvoorbeeld een shetlandpony. Ze zijn sneller bang en raken sneller in de stress."

Besocht netsjes te regeljen

Neffens de oanfregers fan de gemeentlike ûntheffing foar it sjitten is der oanbean om de hynders op harren kosten tydlik in oar plak te jaan. Boppedat wurdt der mei fuotballen sketten en net mei izeren deksels.
Fierder binne alle omwenners binnen in straal fan 100 meter om tastimming frege en kinne sy kontakt opnimme. Troch krekt in ûntheffing oan te freegjen, hawwe sy besocht it netsjes te regeljen.

"In paniek"

Underwylst sjocht Van der Heide dat har hynders it wol fernimme. "Als het carbidschieten begint, zijn ze bang en slaan ze tegen de stalwanden en de tralies en zijn ze heel erg in paniek."
De beswierproseduere dêr't de saak by de rjochter op foarútrûn, rint noch hieltyd. Omdat it sa koart dei wie, hat de rjochter foarearst grien ljocht jûn, mar de saak is ynhâldlik noch net útiten.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.