Fryske sikehuzen warskôgje foar swier fjoerwurk: "Kin liede ta amputaasje"
Fryske sikehuzen wârskôgje foar de gefaren fan swier fjoerwurk. Der binne benammen grutte soargen oer de Cobra 6 dy't de krêft hat fan in hângranaat. "It gefolg is faak in amputaasje en net fan in pear fingers mar in hele hân", seit plastysk sjirurch Niels Bosma fan it MCL yn Ljouwert.
Bosma moat op 1 jannewaris wer wurkje, lykas de lêste jierwiksel. Doe behannele it MCL tsien pasjenten dy't troffen wiene troch fjoerwurk.
De slachtoffers hiene slimme ferwûnings oan de hannen, letsel oan de eagen en brânwûnen.
Deksel fan karbid yn gesicht
As it nedich wie, waard der fuortendaliks operearre troch in plastysk sjirurch. Sa behannele Bosma in jong famke. "Se stie nei it karbidsjitten te sjen. Se krige in deksel yn it gesicht en rekke swier ferwûne. Dêr bin ik bot fan skrokken."
Bosma slút him oan by alle kollega's yn Nederlân dy't op harren webside Medisch Contact de needklok liede. Dêr warskôgje de helpferlieners benammen foar de Cobra 6, dat is populêr knalfjoerwurk.
"De Cobra 6 heeft de explosieve kracht van een handgranaat en is relatief gemakkelijk via social media te bestellen", skriuwt de groep helpferlieners. Dêrneist falt op dat de slachtoffers hieltyd jonger wurde.
De slachtoffers fan de foarige jierwiksel
By de lêste jierwiksel rekken der yn Nederlân sa'n 1200 minsken ferwûne, docht bliken út sifers fan VeiligheidNL.
Hast 45 persint stuts it fjoerwurk net self ôf mar stie der tichtby. Mear as de helte fan de slachtoffers is jonger as 20 jier.
Plastysk sjirurgen riede it privé-gebrûk fan swier fjoerwurk ôf. "By 80 persint fan de gefallen mei in Cobra liedt it ta amputaasje en lang net altyd allinnich fan in pear fingers mar faak fan de hele hân."
Om soksoarte letsel foar te kommen pleitet de doktersfederaasje KNMG foar in folslein fjoerwurkferbod. Guon gemeenten hawwe al yn sa'n ferbod ynsteld, lykas Amsterdam, Amersfoort en Alkmaar.