Rijpma-de Jong jout it NK in "seiske": "Ik wit dat ik no net goed genôch bin"

Antoinette Rijpma-de Jong op it NK allround © Orange Pictures
Mei in tredde plak op it NK allround hat Antoinette Rijpma-de Jong har pleatst foar it EK allround, mar dêr is dan ek alles mei sein, fynt se sels. Neffens har kin se better en moat it better. "It is soms ferskriklik frustrearjend."
De lêste fiif jier pakte se fjouwer kear de titel op it NK allround. No pakte Joy Beune de titel en foel Rijpma-de Jong troch in goeie Merel Conijn nei it tredde plak.
"Ik wie de ôfrûne fiif jier better op it NK as dizze edysje. Ik baal dêr wol fan. Ik siet der net hiel lekker yn."

Goedprate

Se siket, sa as sa faak, nei in redenen en arguminten. Wêrom rûn it net sa as se woe?
"Besikest it wat goed te praten foar dysels. Der sit hiel folle yn, mar it komt der no net goed út. Ik wol it dan te perfekt dwaan, mar dan sit ik mysels yn de wei."
Nei trije ôfstannen stie se twadde, mar yn de ien-nei-lêste rit seach Rijpma-de Jong dat Merel Conijn in hiel goede 5 kilometer ried. Om twadde te bliuwen, moast se flink oan de bak.
"It wie foar my de earste 5 kilometer en de fokus is wat ferskood nei de koartere ôfstannen. Doe't ik seach dat Conijn in goeie 5 kilometer riden hie, tocht ik: no kin ik my hielendal nei de kloaten ride. Mar ik besykje technysk goed te riden."
Ek oer de 1.500 meter wie se net bepaald tefreden. "Ik ried alles op kracht. Dat ik 120 prosint jou, mar dat der 70 prosint út komt. Dat is ferskriklik frustrearjend. Mar ik kin der neat oars fan meitsje."
Wat dit no krekt seit oer de rest fan it seizoen, dat wit se noch net. "Ik wit dat ik no net goed genôch bin. Ik ha de wilskracht yn myn holle. Dêr moat ik it foaral fan ha."
En wat it seit oer har allroundambysjes en it Europeesk kampioenskip heal jannewaris op It Hearrenfean, wit se ek net. "Ik ha my pleatst, litte we it dêrop hâlde."

Teloarstellende Groenewoud

Marijke Groenewoud ried in min toernoai. Se waard fjirde. Dêrmei foel se net allinnich bûten it poadium, mar pleatst se har ek net foar it EK allround.
Eins wie allinnich de ôfslutende 5.000 meter goed. "Dat wie in goeie rit. De rûntsjes kamen hiel maklik en ik koe op it lêst ek noch fersnelle, dus dat wie prima."
Mar de oare trije ôfstannen wiene net goed. "It gie de hiele wike goed, mar dit wie net best. We moatte it der noch mar efkes oer ha."
Ek Groenewoud siket nei redenen wêrom't it net goed gong. Se ried dit seizoen in soad maratons. Sa die se ek mei oan de Vier van Noord-Holland. Wie dat miskien te folle?
"Dat wit ik net. Normaal gean ik dêr wol lekker op. Ik ha noch wol nei Breda west. Fiif oeren yn de auto sitten, dus miskien is dat net ideaal, mar dat mei net in ekskús wêze."

Gjin EK allround foar Groenewoud

Joy Beune, Merel Conijn en Rijpma-de Jong meie no nei it EK allround en Groenewoud net.
"De bedoeling wie om top trije te riden, mar dat ha ik ferpest. Ik hie wol de smoar yn. Nei de lêste goeie rit begûn it wol wer wat te libjen. De knop moat no om nei 1 jannewaris."
Dan rydt Groenewoud it Nederlânsk kampioenskip maraton en dêr is se de topfavoryt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.