Sa bouwe fiif maten in wrak om ta wedstriidskûtsje: "Je moatte wol in bytsje gek wêze"
De Hûnekop denderet út de boksen en de fonken fan it laskjen en it slypjen spatte yn it rûn yn in loads yn Bakhuzen.
Hjir wurdt it lêste izerwurk oan skûtsje De Vrouwe Jantje oanbrocht, sadat it skip aanst nei de strielerij kin om spuite en plamuere te wurden.
It skûtsje is kocht troch fiif freonen en sylmaten út Starum en omkriten: Jilles Bandstra, de bruorren Willem en Franke Atsma, Joop Boltjes en Hidde Mous. Se sile al jierren mei mekoar yn de IFKS op it skûtsje De Lonneke, dat se hierden.
No geane se it aventoer oan mei in eigen skip.
It ferhaal begjint jierren lyn al, as Jilles op in Facebook-side oer ferfallen skûtsjes en tsjalken de Vrouwe Jantje sjocht. It skûtsje leit dan as wenark yn de Keizersgracht yn Amsterdam, yn 'zorgwekkende staat' sa't it omskreaun wurdt.
Mar der binne kapers op 'e kust, want it skip hat moaie linen en geunstige maten.
De bruorren Los út Ljouwert keapje it skipke, dat yntusken al heal ûnder wetter leit, en helje it nei harren werf yn Ljouwert.
As de werf yn 2017 faillyt giet, wurdt it skûtsje op in oar plak feilichsteld. Yn 2020 besiket Bandstra it te keapjen, mar dat mislearret.
De Vrouwe Jantje
It skûtsje De Vrouwe Jantje is boud yn 1914 troch skipswerf Kuiper yn Reahel. It is it tredde en lêste skûtsje dat de werf makke hat.
It skip hat in tonnage fan 43,7 ton, is 18,41 meter lang en 3,89 meter breed. Foar safier bekind hat it foar it lêst syld yn de jierren '30. Dêrnei fungearre it skip as wenark yn Amsterdam.
Yn 2023 docht Jilles in nije poging. It wurdt him dan wol gau dúdlik dat hy it skûtsje noait allinne bestuiverje kin. Hy hellet fjouwer maten, dy't as bemanningslid op De Lonneke sitte, oer om mei te dwaan.
"We soene der earst mei syn allen even hinne te sjen", fertelt fokkenist Joop Boltjes. "'Wolle jim ek meidwaan?', frege de skipper, mar doe hiene we it skip eins al kocht."
Hidde Mous: "Wat in wrak, tocht ik, wat ha we no wer dien?"
Fan it skûtsje is dan net folle mear oer. Eins moat alles op'e nij. Noch mar in lyts stikje kin orzjineel bliuwe, de rest moat ferfongen wurde.
"Ik hie wolris wat ferhalen heard oer it skip en de tastân derfan", seit Willem Atsma. "Ik ha wol tocht: hiene we net better wat knappers opskarrelje kinnen? Mar ik ha my oerhelje litten en we binne der dochs mar oan begûn. Putsje even, juh."
Dit skip hat potinsje. It hat moaie lijnen, in moaie kont en in geunstig tonnaazje. Dit dochst mar ien kear yn dyn libben.
Skipper Jilles Bandstra is fol oertsjûging. "Dit skip hat potinsje. It hat moaie lijnen, in moaie kont, en in geunstig tonnaazje. Dit dochst mar ien kear yn dyn libben, dan binst der klear mei. It is in enoarm projekt."
Weropbou
In jier lang binne de mannen fjouwer jûnen yn de wike en alle sneonen dwaande mei de weropbou fan it skûtsje. Help komt fan alle kanten, ek fan de oare bemanningsleden fan De Lonneke en fan freonen.
"Je moatte eins wol in bytsje gek wêze" seit Willem. "En je moatte frije tiid ha, en de driuwfear om troch te setten. Moast net de kop hingje litte, want dan wurdt it hielendal neat."
"Elkenien wol ek wol wat sponsorje, leafhawwers fan it skûtsjesilen en minsken út de buert. En minsken komme te sjen en we krije kompliminten, dat is ek leuk", fertelt syn broer Franke Atsma.
De ein fan de bou komt yn sicht. De mannen genietsje folop fan it proses. "It is geweldich sa mei syn allen te bouwen, mei dizze ploech", seit Franke. "Je sile no altyd op in oar syn skip. Aanst ha je je eigen skip, dat nei je eigen smaak makke is."
Yn it nije jier komt de mêst op it skûtsje en dêrnei it túch. "Yn maaie binne wy derby, mei de start fan it sylseizoen yn Langwar", seit Jilles. "Dit wurdt in topper!"
De ploech sil mei it nije skûtsje meidwaan yn de IFKS, it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen.
Pikefelmomint
De oaren ha ek hege ferwachtings fan it skip. "Wy binne der fan oertsjûge dat er rapper is as De Lonneke", seit Joop. Willem is wat foarsichtiger: "It skipke hat noch noait in wedstriid syld, we moatte marris sjen. Mar der sit safolle leafde yn."
En Franke kin net wachtsje om it wetter op te gean: "We binne der allegearre hiel benijd nei, net ien wit noch hoe't it sylt. Mar de earste kear wurdt in pikefelmomint!"