Stroomkabel bliuwt tûkelteam foar gasboarplatfoarm op Noardsee boppe Skier

It boarplatfoarm boppe Skiermûntseach mei it wynpark op de achtergrûn © ONE-Dyas
It gas dat gasbedriuw ONE-Dyas winne wol út in fjild noardlik fan Skiermûntseach, moast foar de ein fan 2024 nei Nederlânske húshâldens ta streame. Dat slagget lykwols net.
Dat komt om't der noch altyd gjin elektrisiteitskabel leit fan it boarplatfoarm nei it Dútske wynpark Riffgat. Dêr is beswier tsjin oantekene troch in Dútske miljeuklup.
Boppedat moat der noch in ynternasjonaal ferdrach tusken Nederlân en Dútslân tekene wurde.
De giele stroomkabel leit der noch net © ONE-Dyas
"Door die vertraging is de productie dit jaar helaas niet meer mogelijk", lit in wurdfierder fan ONE-Dyas witte.
"We kijken nu samen met het ministerie van Klimaat en Groene Groei naar de mogelijkheden om de gaswinning zo snel mogelijk op te starten."

Gas yn stee fan wyn

Ien fan dy mooglikheden is om it platfoarm, alteast tydlik, oan te sluten op in gasgenerator yn stee fan stroom fan it wynpark. ONE-Dyas hat dêrfoar in fergunning oanfrege by it ministearje fan Klimaat en Griene Groei.
"Theoretisch zou ook de gaswinning kunnen plaatsvinden met stroom van die generator", seit de wurdfierder fan ONE-Dyas dêroer. "Maar in principe is het vooral bedoeld als stroomvoorziening voor bijvoorbeeld beveiligingscamera's en dergelijke."

4,5 oant 13 miljard kúb

ONE-Dyas wol gas winne út it saneamde gasfjild NO5-A. Dat leit tweintich kilometer noardlik fan Schiermûntseach yn de territoriale wetters fan Nederlân en Dútslân.
It bedriuw krige yn 2022 in fergunning fan steatssekretaris Hans Vijlbrief fan Mynbou om dêr gas te winnen. Ek de Dútske dielsteat Nedersaksen joech in fergunning ôf.
Lokaasje gaswinning N05-A © Omrop Fryslân
ONE-Dyas ferwachtet sa'n 4,5 oant 13 miljard kúb gas winne te kinnen út it fjild.

Umwelt, Energie und Klimaschutz

It iennichste dat ûntbrekt om de produksje op te starten is in stroomkabel fan it boarplatfoarm nei in Dútsk wynpark. De Dútske miljeuklup DUH (Deutsche Umwelthilfe) hat de fergunning dêrfoar ôfrûne simmer mei sukses oanfochten.
Neffens in wurdfierder fan it NLWKN (Niedersächsisches Ministerium für Umwelt, Energie und Klimaschutz), dat de fergunning ôfjaan moat, hat ONE-Dyas yntusken in nije, wizige oanfraach yntsjinne.
Dy wurdt op it stuit bestudearre. Hoelang't dat duorret, is net dúdlik.

Wa sitte der achter ONE-Dyas?

ONE-Dyas is it grutste, partikuliere Nederlânske eksploitaasje- en produksjebedriuw op it mêd fan gas en oalje. It bedriuw is mei in wrâldwide produksje fan 35.000 fetten deis in promininte spiler.
Yn tsjinstelling ta de NAM, mei Shell en Exxon-Mobil as grutste oandielhâlders, is ONE-Dyas yn hannen fan private oandielhâlders.
Dat binne ûnder oaren de famylje Fentener van Vlissingen, âld-bankier Rijkman Groenink en oaljeûndernimmers Marcel van Poecke en Jan Onderdijk.
Gaswinning op de Noardsee is al jierren kontroversjeel. Miljeuorganisaasjes yn Nederlân en Dútslân binne bygelyks benaud foar skea oan de riffen en ekosystemen ûnder wetter.
De Waadeilannen binne benaud foar de gefolgen foar it toerisme en de mooglike gefolgen fan boaiemdelgong.
Aksjefierders fan Greenpeace earder dit jier boppe Skiermûntseach © Greenpeace
Neist de kabel spilet der noch mear fertraging. Om't it gasfjild op in grinsline leit, is der in saneamd bilateraal ferdrach tusken Nederlân en Dútslân nedich.
Neffens in wurdfierder fan it ministearje fan Klimaat en Griene Groei binne de ûnderhannelings oer de tekst fan dat ferdrach yntusken dien.
"Nederland is gereed om het verdrag te ondertekenen. Er is nog geen datum van ondertekening voorzien, omdat het nog onduidelijk is wanneer Duitsland gereed zal zijn voor ondertekening."
De Dútske minister Habeck, dy't it dokumint ûndertekenje moat, hat oanjûn earst alle rjochtsaken ôfwachtsje te wollen. Boppedat neamde hy it projekt 'ûnnedich'.

'Uiteraard teleurstellend'

Dat it net slagget foar de ein fan 2024 gas út de Noardseeboaiem te heljen is 'uiteraard teleurstellend' neffens it ministearje.
Minister Sophie Hermans fan Klimaat en Griene Groei © ANP
"Het kabinet steunt dit project, aangezien het aansluit bij het beleid voor gasleveringszekerheid, diversificatie, het beperken van de importafhankelijkheid en de energietransitie met aardgas als overgangstechnologie en duurzamere winning in plaats van import veraf."

Ofwachtsje

Neffens ONE-Dyas duorret de oanlis fan de stroomkabel sa'n seis oant acht wiken, ôfhinklik fan it waar. Dat wurk kin pas úteinsette as de fergunning út Dútslân definityf binnen is.
De oplossing foar de tuskentiid, it platfoarm fan stroom foarsjen mei in gasgenerator, wachtet dan wer op antwurd út Den Haag.
It sil al mei al noch wol in skoftke duorje foar't it earste gas út fjild N05-A beskikber is.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.