Gemeente Noardeast-Fryslân siket de rjochthawwers of neibesteanden fan sa'n 3.900 grêven. It giet om de gemeentlike begraafplakken yn Burdaard, Boerum, Dokkum, Kollum, Muntsjesyl, Aldwâld, Mitselwier en Ternaard.
De gemeente wol de grêfrjochten op 'e nij útjaan. De aksje einiget op 1 april 2028. As der dan noch gjin rjochthawwers fûn binne, ferfalle de grêfrjochten. Dan wurde de grêven en tinktekens romme.
Op
dizze side hat de gemeente listen pleatst mei de grêven en nammen dêr't it om giet.