Net allinnich 18e-iuwske buorkerij, mar ek ierdewurk út de midsiuwen fûn yn Makkingea
Archeologen dy't op it stuit oan it wurk binne yn it Muldersveld yn Makkingea kinne harren gelok net op. Se grave om op in plak dêr't hûnderten jierren lyn in buorkerij stie.
By dat wurk binne ûnder oare diggels út de midsiuwen fûn. "Dit is heel leuk om te doen", seit archeolooch Laura Klerkx.
In buorkerij yn Fryslân leit miskien foar de hân, mar yn dit gefal giet om in hallehûsbuorkerij út de achttjinde iuw. Dat wie yn dy tiid hiel typysk foar Midden-Nederlân en Dútslân, mar yn Fryslân kaam dat hast net foar.
Hallehûsbuorkerij
In hallehûsbuorkerij is in rjochthoekich gebou mei foaryn it wengedielte en achteryn it bedriuwsgedielte/stâl. It wurdt fan inoar skieden troch in stiennen muorre.
Dizze wize fan bouwen waard meast brûkt yn Noard-Dútslân en East- en Midden-Nederlân.
Wat Klerkx der foaral sa moai oan fynt, is dat de buorkerij yn autentike steat liket te wêzen. "Die heeft geen grootschalige verbouwingen of uitbreidingen gekend. Daarmee hebben we echt een originele boerderij in beeld."
Under de betegele flier fan it wengedielte is in boerd fûn út de achttjinde iuw. Under de stâl leit sels ierdewurk út de lette midsiuwen. "Dat wijst erop dat hier ook al bewoning heeft plaatsgevonden in de periode voor de boerderij."
It binne losse stikjes dy't in pot west ha. Letter wurdt der noch djipper groeven om te sjen of der noch mear is, mar foarearst rjochtsje de archeologen harren op de buorkerij.
De gemeente Eaststellingwerf jout de archeologen de tiid om it goed út te sykjen. It makket wethâlder Jelke Nijboer hiel entûsjast. Hy sit noch fol fragen: "Wat het him hier ofspeuld? Hoeveul koenen hadden ze? En hoeveul peerden? Hoeveul meensken woonden hiere?"
Hy lit de ferbylding foarearst syn wurk dwaan.
Stikem hopet Nijboer dat it archeologyske wurk net noch moannen duorret. It plan om 33 nije hûzen op it stik lân te bouwen giet nei de opgravings los.
It archeologyske ûndersyk is wol meinaam yn de planning, want it is net hielendal út de loft fallen kommen dat der mooglik in buorkerij stien hat. Op in kaart út 1718 wie dizze te sjen, mar op kaarten út de njoggentjinde iuw wie er ferdwûn.
Strjitte ferneame nei eigener
Nijboer hat yn alle gefallen genôch ynspiraasje foar de takomstige strjitnammen krigen. "As et een betien kan, wil ik die misschien wel naor Boelens numen." Dêrmei doelt er op Ambrosius Ayzo van Boelens, dy't eigener wie fan it lân.
Losse stikken, lykas de stikken ierdewurk, gean nei it Noordelijk Archeologisch Depot. Wat der no fûn is, wurdt goed dokumintearre en wat bewarre bliuwe kin wurdt bewarre.
De skiednis wurdt feilichsteld en dêrnei begjinne se oan de takomst: de nije huzen komme boppe-op (in part fan) dizze buorkerij.