Hûnehater docht spjelden yn stikken woarst yn De Westereen

Stikken woarst mei spjelden deryn © RTV NOF
Yn De Westereen hat ien stikken woarst mei spjelden deryn delleein. Foar in hûn soe dat deadlik wêze kinne. De skrik sit der dêrom goed yn by hûnebesitters. Dat skriuwt RTV NOF.
Anneke Alma fûn it stik woarst, doe't se mei har hûn te kuierjen wie. "Stel je voor dat onze hond dit opeet, dan waren de gevolgen niet te overzien."
In oare hûnebesitter fûn op in oar plak yn De Westereen in ferlykber stik woarst mei spjelden.
Beide finers ha oanjefte dien by de plysje, dy ûndersiket de saak.

Pakketten op Waadeilannen fol drugs

Yn de pakketten dy't ôfrûne wykein fûn waarden oan de kust fan ûnder oare Flylân, Skylge en It Amelân, siet yn totaal 54 kilo kokaïne. Mei-elkoar hiene de drugs in strjitwearde fan 4 miljoen euro.
Dat meldt de dûane, dy't de drugs ferneatige hat.

Man smyt betontegel nei ûnderen en krijt 120 oeren wurkstraf

In man út Harns hat 120 oeren wurkstraf, wêrfan fjirtich oeren ûnder betingst, krigen om't er in betontegel fan syn galery rjochting de ûnderbuorlju smiet.
De buorlju hienen al langer spul. De soan fan de Harnzer hie earder de heit fan de ûnderbuorfrou bedrige mei in mes, hy krige in boete fan 375 euro.
Neffens de feroardiele soargen de ûnderbuorlju foar in soad lûdsoerlêst as se feestjes hâlden.
Twa dagen letter rûn it wer út de hân en smiet de Harnzer de tegel nei ûnderen neidat de ûnderbuorlju by de doar kaam wienen en syn eks-partner en soan misledige hawwe soene.
De man sei yn de rjochtbank dat er earst wis wie dat der net ien ûnder syn galery stie foardat er de tegel smiet.

Morfine fan húsdokter stellen troch skjinmakster mei pinemûle

De morfine koe net mear by pasjinten brûkt wurde © Shutterstock.com (George Rudy)
In 29-jierrige frou fan Snits hat hast in jier lang morfine stellen út de húsdokterspraktyk dêr't se as skjinmakster wurke. Dat die se om't se pinemûle hie, mar net nei de toskedokter doarde.
Doe't yn de praktyk ûntdutsen waard dat der morfine ferdwûn, waard der in kamera pleatst. De folgjende dei wie it fuort raak en stie de frou op byld.
Tsjin de rjochter ferklearre de frou dat se sa'n acht of njoggen kear morfine pakt hie. Se sei mei klam dat se it medisyn allinne sels brûkt hie.
De frou is op steande foet ûntslein en hat in wurkstraf fan 120 oeren oplein krigen. Oft de frou yntusken by de toskedokter west hat, is net bekend makke.

Man rydt yn Ljouwert mei alkohol en ferskate drugs op

Drugs © shutterstock.com
De plysje fan Ljouwert hat op de Oostergoweg in man oanholden dy't midden op 'e dei flink ûnder ynfloed efter it stjoer siet. It giet om in 51-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak.
De auto waard oan de kant set foar in kontrôle en doe die bliken dat it rydbewiis fan de bestjoerder ûnjildich ferklearre wie.
Fierder ried de man mei alkohol op en liet in flibetest sjen dat de man ek ûnder ynfloed wie fan kokaïne, opiaten, amfetamine en meth.
De man is oanholden en meinaam nei it plysjeburo om bloed ôf te nimmen. De auto is yn beslach naam en der is in proses-ferbaal opmakke.

Auto's yn botsing yn Britsum

De belutsen auto's by de Menno van Coehoornwei © AS Media
Oan de Menno van Coehoornwei yn Britsum binne woansdei twa auto's mei-inoar yn botsing kaam. Beide auto's rekken troch it ûngelok skansearre.
Ambulânsepersoniel hat him ûntferme oer ien fan de belutsenen. De plysje is op it plak kaam om it ûngelok fierder ôf te hanneljen. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net bekend makke.

Auto fan de dyk by Jelsum

De auto yn Jelsum © Kappers Media
By Jelsum is woansdei in auto fan de Bredyk (N357) rekke en yn de berm ta stilstân kaam. In foarbygonger hat help ferliend en in ambulânse alarmearre.
De automobilist is nei it sikehûs ta brocht. In berger hat de auto ophelje moatten.

Auto rydt fan fiadukt ôf yn Ljouwert

Helpferlieners by de auto © CAMJO media
Yn Ljouwert is in auto fan it Stephensonfiadukt riden. De auto rekke fan de dyk, ried troch de boskjes en foel by it talúd nei ûnderen ta. Dêr bedarre de auto yn in sleat.
De brânwacht hat in slachtoffer út de auto wei helle. Dy is mei spoed nei it sikehûs ta brocht.

Goeiemoarn

Wolkom yn it 112-livebloch fan hjoed. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster kinst hjirûnder weromlêze.