Lânbou krijt de romte yn beliedsbrief: Fryslân moat de lânbouprovinsje fan Nederlân bliuwe

In boer rydt dong út © Shutterstock / goodcat
De Provinsje set de kommende jierren folop yn foar it behâld van Fryslân as de lânbouprovinsje fan Nederlân. Boeren krije safolle mooglik de romte om harren bedriuw sa yn te rjochtsjen as it bêste by harren past.
Deputearre Abel Kooistra neamt it 'Boerdiversiteit'. Dat docht hy yn de lânboubrief dy't fan 'e moarn op in buorkerij yn Jellum presintearre waard.
'Noflik buorkje' is de titel fan de nije beliedsbrief. Dat betsjut dat de provinsje besiket de boeren sa goed mooglik te stypjen by harren bedriuwsfiering binnen de mooglikheden dy't der lizze.
Boeren moatte sels kieze hokker rjochting se op wolle. De provinsje wol harren dêr sa goed mooglik by helpe. Dat is in breuk mei de beliedsrjochting nei mear natuerynklusyf dy't de lêste jierren ynset wie troch eardere kolleezjes, fertelt Kooistra.
"Wy hawwe hjir in grut ferskaat oan bedriuwen fan yntinsyf oant biologysk en dat wolle we graach sa hâlde. Yn dat ferskaat leit ek de takomst fan de sektor tinke wy."
It aksint op it behâld fan it boerelân betsjut dat de mooglikheden om lânbougrûn te brûken foar bygelyks wenningbou en de oanlis fan sinneparken ferminderje. Mar neffens deputearre Sijbe Knol, dy't romtlike oardering yn syn portefúlje hat, is dat net in grut probleem.
"It automatisme dat hjir lânbougrûn foar brûkt wurdt sil feroarje. Mar der binne noch in soad mooglikheden foar ynwreiding (bouwe binne besteande bou, red)."
Deputearre Sijbe Knol © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
"We witte hoe grut de opjefte foar wenningbou is mar it is in goeie kar dat dit kolleezje seit wy wolle in lânbouprovinsje wêze mar der ek by libje en der dus ek op it mêd fan romtlike oardering op stjoere sil."

Fertsjinje mei natuerbehear

De provinsje besiket yn de nije beliedsbrief om ynspannings fan de boer bûten de produksje fan iten om better te beleanen. It giet dan bygelyks om natuer- en wetterbehear of it beskermjen fan de greidefûgels. No krijt de boer dêr faak net mear as in fergoeding foar.
"As dêr in pluske op komt sil der mooglik mear animo foar komme en belangstelling fan mear boeren om dêr mei oan de slach te gean", seit Kooistra.
Deputearre Abel Kooistra © Omrop Fryslân
De nije beliedsnota seit net folle oer de grutte problemen fan hjoed de dei, sa as de ôfskaffing fan de derogaasje, wêrtroch't boeren minder stront útride meie op harren lân, en de boeren sûnder natuerfergunning, de PAS-melders en de ynterimmers.
Kooistra ûnderskriuwt dit. "We hawwe hjir yn dizze nota dy't foar in langere perioade is minder is aksint op lein. Mar lit dúdlik wêze dat as we it probleem fan de derogaasje en de PAS-melders en ynterimmers net oplosse is dizze nota net slagge."

Grut belang

Fryslân is in lânbouprovinsje, fynt Kooistra. Hy seit dat de lânbou fan grut belang is foar de maatskippij. De hiele sektor is goed foar 20 persint fan de taheakke wearde fan de Fryske ekonomy en 17 persint fan de wurkgelegenheid.
By de lêste mjitting wie goed 40 prosint fan it Fryske grûngebiet (ynklusyf wetter) agrarysk gebiet. Yn gjin inkelde provinsje kaam de ôfrûne tsien jier safolle lânbougrûn by as yn Fryslân, melde it CBS earder dit jier.
Kooistra fynt it fan belang om de sektor sterk te hâlden en it areaal oan lânbougrûn te beskermjen.

Mooglikheden

De lânboubrief sketst fierder de mooglikheden dy't der lizze foar de boeren mei de produksje fan gas yn dongfergêsters mooglik fan in groep boeren mei-inoar. Ek sil de provinsje besykje om it tal regels en behinderingen foar de boeren fuort te nimmen.
'Noflik buorkje' is net allinnich de titel fan de brief, mar ek dat wat de provinsje de kommende jierren foar eagen hat. De konkrete ynfolling fan de beliedsrjochting yn 'e brief is noch geande. Dy sille takom jier yn de simmer nei bûten brocht wurde.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.