Frysk parlemint wol mkb stimulearje om mei AI oan de slach te gean: "Goed foar eltsenien"

Steatelid Maarten Goudzwaard fan JA21 © Hoge Noorden / Jacob van Essen
De provinsje Fryslân moat it Fryske midden- en lytsbedriuw helpe om oan de slach te gean mei keunstmjittige yntelliginsje, ek wol bekend as AI.
Dizze moasje fan steatelid Maarten Goudzwaard fan JA21 waard woansdei troch in grutte mearderheid fan Provinsjale Steaten oannommen. Bedriuwen moatte in 'voucher' krije foar advys en kursussen op it mêd fan AI.
Troch it tûk ynsetten fan keunstmjittige yntelliginsje kinne je mear jild út je bedriuw helje.
Maarten Goudzwaard fan JA21
Goudzwaard kaam mei syn foarstel by de behanneling fan de beliedsbrief ekonomy. Neffens Goudzwaard kin it ynsetten fan keunstmjittige yntelliginsje in soad betsjutte foar it midden- en lytsbedriuw en sels liede ta hegere winst. Undernimmers dogge der neffens him dêrom goed oan om yn alle gefallen kennis te nimmen fan de mooglikheden.
"Troch it tûk ynsetten fan keunstmjittige yntelliginsje kinne je mear jild út je bedriuw helje. Dat is foar eltsenenien goed: mear omset, in bettere konkurrinsjeposysje en in hegere belestingopbringst foar de steat."

Ynnovaasje-vouchers

Goudzwaard heakket der oan ta dat it foar guon mkb-bedriuwen seker in útdaging wêze sil om profyt te hawwen fan keunstmjittige yntelliginsje: "It ynsetten fan keunstmjittige yntelliginsje freget in flinke automatisearringsslach. Je moatte it bedriuw earst trochljochtsje en je goed adviserje litte."
Deputearre Friso Douwstra seit yn in reaksje it foarstel fan Goudzwaard "in prima moasje" te finen. "It slút fansels hiel goed oan by de ynnovaasje-vouchers, dy't al langer besteane." De vouchers kinne oanfrege wurde by it ynstitút Yn Business yn Ljouwert.

Net altyd sichtber

Foar de útwurking wurket Yn Business gear mei de noardlike AI Hub fan de trije noardlike provinsjes.
"Ik wyt dat de provinsje stappen set, mar it is foar de bûtensteanders noch net altyd sichtber", seit Goudzwaard oer syn foarstel. "It giet der my om dat ek it Fryske mkb hjir oan meidwaan kin en profitearret fan alle kennis dy't sammele wurdt."
It mkb kin him neffens my net permittearje om har net yn de mooglikheden te ferdjipjen.
Maarten Goudzwaard fan JA21
Keunstmjittige yntelliginsje wurdt sjoen as in mooglikheid om routinemjittige hannelings as administraasje en foarriedbehear effisjinter te dwaan.
De ûntwikkelings geane hurd. Der binne bygelyks ek al hoarekabedriuwen mei robots dy't de drankjes nei de tafels bringe. Bedriuwen moatte wol ynvestearje. Oars kinne se net fan de foardielen profitearje. Boppedat hawwe se spesjalistyske kennis nedich, dy't de measte mkb-bedriuwen net yn'e hûs hawwe.

Soarch en ûnderwiis

Neat dwaan is gjin opsje, fynt Goudzwaard. "In soad sektoaren binne no oan it sjen hoe't se it beste omgean kinne mei keunstmjittige yntelliginsje, lykas de soarch en it ûnderwiis", seit er. "It mkb kin him neffens my net permittearje om har net yn de mooglikheden te ferdjipjen, dan litte je echt kânsen lizze."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.