Oekraïners sjogge werom op 1.000 dagen oarloch: "Ik wol sa graach nei hûs ta"
It is tiisdei presys tûzen dagen lyn dat Ruslân oan in grutskalige ynfal yn Oekraïne begûn. De ein fan de oarloch liket noch net yn sicht.
Op camping De Wetterpôlle yn Ljouwert wurde Oekraynske flechtlingen opfongen yn sjaletten.
Trageedzje
Angelina Tsymbliyk is no al twaenheal jier yn Nederlân. Se fynt it hiel slim dat de oarloch al sa lang duorret. "It is echt in trageedzje. Ik kin it net yn wurden omskriuwe, want it is pynlik, noch hieltyd."
Iryna Khytryk is hjir no in jier en trije moannen. Se mist har thúslân. "Myn âlders, myn broer en myn freonen binne noch yn Oekraïne. Twa dagen lyn moast ik gûle, omdat der in bom ynsloech yn de buert fan myn âlders. Sy gienen nei in plak om te skûljen. Sy gûlden, dêrom is it foar my hiel dreech."
"Ik wol nei hûs ta, mar ik bin te benaud", fertelt Khytryk.
Ek Kataryna Lefter wennet al in skoft op de Wetterpôlle. "We hienen net ferwachte dat it sa lang duorje soe. Ik ken in soad minsken dy't eltse dei it nijs sjogge yn de hoop dat de oarloch foarby is. De lêste twa dagen is der wer mear Russyske aktiviteit. It is freeslik."
Dat se no feilich yn Nederlân sit, fielt foar Lefter wol wat dûbeld. "Ik mis myn famylje, want myn broer is militêr en is dêr bleaun. Fansels wol ik werom. Ik fiel my thús better."
De Oekraïners wurde goed opfongen yn Ljouwert, fynt se. "Yn Nederlân binne aardige minsken. Alle Nederlanners besykje ús te helpen, dus dankewol dêrfoar", seit Lefter.
Ek Tsymbliyk wol perfoarst kwyt dat se de minsken hjir bot wurdearret, "Ik fyn Nederlânske minsken leuk, omdat se sa fatsoenlik binne en ik hâld fan se."
Trump
Mar hoe goed oft se it hjir ek hawwe, it leafst soenen de Oekraïners weromgean nei harren eigen lân. Dat kin lykwols allinnich mar as it dêr feilich is, en de situaasje is no hiel ûnwis.
"De Feriene Steaten hawwe in nije presidint. Ik wit net hoe't it komt, mar ik hoopje dat it goed wêze sil foar ús minsken en ús lân, want ik ha der hiel bot noed oer", fertelt Tsymbliyk.
"Doe't de oarloch begûn, sei ik: dit is net normaal, dit kin net wier wêze", seit Khytryk. "Wy wienen yn shock, ik koe it net leauwe. Ik tink dat de oarloch noch lang duorje sil, miskien wol twa oant fiif jier. Mar ik wol sa graach nei hûs."
Lefter slút har by dy wurden oan. "No sjogge we nei it nijs en wachtsje we ôf hoe't it komme sil yn Amearika mei Trump. Miskien kin hy wat feroarje, mar ik wit it net, want Poetin kin mei de sekonde feroarje yn wat hy wol. Dus miskien dat der oer in lange tiid wat feroarje kin, mar ik hoopje dat it ophâlde sil."