Fryske ekonomy kwetsber troch te min minsken en grôtfol stroomnet: "It rint de spuigatten út"
It giet goed mei de Fryske ekonomy. Dochs moat Fryslân rekken hâlde mei in hieltyd fierder krimpende beropsbefolking en de achterstân dy't it hat op it gebiet fan ynnovaasje en ferduorsuming.
Dat komt nei foaren út in ûndersyk fan Planbureau Fryslân oer ûnder oare de takomst fan de Fryske ekonomy. Dat ûnderwerp stiet sintraal yn de twadde ôflevering fan Stân fan Fryslân.
"Het gaat goed, maar er zijn wel een aantal kenmerken van de Friese economie waar we aandacht voor moeten hebben", seit ûndersiker Wouter Marchand fan Planbureau Fryslân.
Projeksjes litte sjen dat de beropsbefolking rjochting 2040 fierder ôfnimme sil. Dat komt ûnder mear troch it weromrinnende bertesifer yn ús provinsje. Sa binne der yn 2024 goed 13.000 bern minder fan 0 oant 14 jier yn Fryslân as tsien jier lyn.
Sjoch hjir de hiele ôflevering fan Stân fan Fryslân:
"Er gebeuren al veel goede dingen, zoals laten zien wat er in de Friese economie allemaal voor handen is. Friezen om utens terughalen, dat soort programma's zijn er", konstatearret Marchand. "Dat is eigenlijk meer mensen toevoegen als je ziet dat je mensen kwijtraakt."
Krapte op de arbeidsmerk is lykwols net de iennige útdaging, seit Marchand. "Er is van alles aan de hand in de economie. Er zijn transities, zoals digitalisering en verduurzaming waar bedrijven ook mee te maken hebben."
It tema ferduorsuming spilet ek by koekjesfabryk Hellema yn Hallum, ien fan de grutste Fryske famyljebedriuwen. "Wy hiene yn 2020 en 2021 plannen foar útwreiding, mar doe kamen wy derachter dat wy te min stroom ha soene", fertelt direkteur Gerrit Hellema.
Hellema hat de gearwurking socht mei oare bedriuwen yn it doarp en set in plan op. "Wy moatte ferduorsumje", seit Hellema stellich. "Us bern freegje derom, ús klanten en de oerheid ek."
Brede maatskiplike ôfwaging
Mar de polityk kin bytiden sa hurd net. "Dat kloppet", seit deputearre Friso Douwstra. "Dat is yn dit gefal best hiel ferfelend, mar yn oare gefallen is it hiel goed dat guon besluten stadichoan komme. Foar in bredere maatskiplike ôfwaging moatte je sa no en dan efkes de tiid nimme."
Douwstra wol dêrmei de problemen dy't der binne mei it stroomnet net ûnder it kleed skowe. "Netkongestje is echt in probleem, dat stiet wol echt yn de hens. Dat moat juster oplost wurde."
VNO-NCW sjocht it foarbyld fan Hellema faker. It komt neffens Janneke Hoitinga, regiofoarsitter fan de wurkjouwersferiening, faker foar dat ûndernimmers in plan betinke om bygelyks te ferduorsumjen, mar dêrnei tsjin wet- en regeljouwing oanrinne.
"De regeldruk is echt enoarm", seit Hoitinga. "Oan de iene kant helpt it ús, it beskermet. Tagelyk rint it no wol wat de spuigatten út."
Neffens har makket wikseljend belied it foar ûndernimmers dreech om te antisipearjen. "Troch feroarjende wet- en regeljouwing kinne ûndernimmers der net op foarsortearje."
Se freget har ôf hoe't it kin dat de polityk dizze problemen net earder by de ein hie. "Ik tink dat we it wol wisten", seit Douwstra.
Neffens him sit it him mear yn it tempo en hawwe bygelyks de rap oprinnende gasprizen de ôfrûne jierren de transysje allinnich mar mear oanjage. "Dêrtroch geane dingen rapper as ferwachte en rint de ynfrastruktuer yn dit lân oantoanber achter."
Urginsje
"Het cliche wil een beetje dat politici niet verder kijken dan hoe lang ze zelf in office zijn", seit Marchand.
Douwstra bestriidt dat. "Ik sjoch faak it tsjinoerstelde. It is allinnich wol sa dat je alle fjouwer jier ôfrekkene wurde op de resultaten fan dy fjouwer jier."
Hoitinga en Hellema misse út en troch ek de diedkrêft. "It gefoel fan urginsje ûntbrekt faak yn ús eagen", seit Hellema. "De plannen binne der wol, mar se doarre yn ús eagen net te beslissen."
Hellema is nettsjinsteande tefreden oer it oparbeidzjen fan bedriuwslibben en de provinsje. "Allinnich de stapkes bliuwe te lyts. Want wy moatte hjoed ynvestearje foar tweintich, tritich jier fierderop, en dat moatte wy hjoed witte."
"Yn myn optyk sit yn de polityk wol in bepaald mijen fan risiko", heakket Hoitinga ta. "Je sille it noait elkenien nei it sin dwaan. Je moatte út en troch ympopulêre beslissingen doarre te nimmen."
Hellema is der wis fan dat syn famyljebedriuw yn 2040 noch yn Fryslân sit, mar: "wy wachtsje, ús klant wachtet net oant yn de ivichheid. As wy net de goede rjochting krije, dan moatte wy nei oare lokaasjes sjen. As wy yn dy situaasje komme, dan is dat begjin fan de ein."
Stân fan Fryslân
Stân fan Fryslân is in ekonomyprogramma fan Omrop Fryslân, dat yn gearwurking mei Planbureau Fryslân makke wurdt.
Online is de útstjoering fan Stân fan Fryslân no al te sjen. Dizze ôflevering is tiisdei om 17.30 op telefyzje te sjen by Omrop Fryslân en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.