HEA! As in fûgel sa frij
Skilderje en fytse is wat Sietze van der Bos fan Snits oerein hâldt. Hy moat dwaande bliuwe, want oars begjint hy te tinken. Twa jier ferlyn is syn frou ferstoarn en dêr hat er it dreech mei.
Sietze kin mar min stilsitte en by goed waar stapt hy op syn fyts. Dit jier hat er al 6.000 kilometer fytst en yn in deiboekje skriuwt er ferslachjes oer syn tochten. As hy net fytst, dan skilderet hy en dat makket syn holle leech. Syn favorite skilderij is ien mei fûgels derop en Sietze fielt him ek faak as in fûgel sa frij.