Boek oer libjende leginde Evert van Benthem hellet Alvestêdetocht nei boppen: "Het is prachtig"

Ron Couwenhoven, Jannette en Evert van Benthem © Fotopersbureau Martin de Jong
Hy is in libjende leginde dy't foar altyd mei de Alvestêdetocht ferbûn bliuwt: Evert van Benthem. Hy wûn de tocht twa kear op rige en dus wie it tiid foar in boek oer de reedrider.
"Ik vind het echt prachtig geworden," seit Van Benthem oer it boek by de presintaasje yn in restaurant yn Hylpen. De rider stiet yn de belangstelling fan sa'n hûndert minsken dy't útnûge binne op de presintaasje. "Het verhaal lees je in één keer uit."
Op de kaft fan it boek stiet in foto fan Van Benthem as hy oer de finish komt nei syn earste winst yn 1985. Tusken keninginne Beatrix en ferneamde politisy as Hans Wiegel krijt de rider de krâns om.
"Ik had nog nooit een interview gegeven en ineens was ik volop in het nieuws. Dat was toen wennen maar dat ging allemaal prima."

Kanada

Van Benthem wennet yntusken 25 jier yn Kanada, mar komt sa no en dan werom nei Nederlân. Sa wie hy ferline jier oanwêzich op de ledegearkomste fan de Alvestêdekommisje, dy't alle jierren yn desimber plakhat. Yn febrewaris stiet der in grutte reüny op it programma om de tocht fan '85 te betinken.
Jannette van Benthem, de frou fan Evert, is de inisjatyfnimmer fan it boek. Sy woe it ferhaal fan har man fertelle oan de bern en bernsbern.
"De Elfstedentocht leeft niet in Canada en dus is dat voor de generaties na ons steeds minder belangrijk. We waren zelfs bang dat ze op een gegeven moment de krantenknipsels weg zouden gooien. Dat wilden we uiteraard voorkomen."
Evert van Benthem komt yn 1985 as earste oer de finish © ANP
It boek oer Van Benthem is meiskreaun troch Ron Couwenhoven. Hy folge als sjoernalist fan de Telegraaf de Alvestêdetochten fan 1985 en 1986. Jannette benadere him yn april fan dit jier.
"Ze liepen al een tijd met het idee rond en wilden het aan de kinderen en kleinkinderen nalaten," seit Couwenhoven. "Ze hadden zo verschrikkelijk veel herinneringen aan de tocht en andere aspecten uit Everts carrière. Het waren er zo veel dat het bijna te veel is om te vertellen. Dus schreven ze het op."
Evert van Benthem by de Alvestêdetocht © Sander Nieuwhof
It boek giet oer mear as allinnich de tochten. Sa giet it benammen ek oer it boerelibben fan de Van Benthems, dat neffens Couwenhoeven in dielde leafde is fan Evert en Jannette.
De Van Benthems keapje in buorkerij yn Sint Jansklooster. Sy wolle dêr buorkje, mar dat wurdt gjin sukses, mei troch regeljouwing. Sint Jansklooster leit yn de omkriten fan in natuergebiet (Weerribben) en dus kin der net útwreide wurde. It pear ferhuzet nei Kanada yn 1999.
Jannette en Evert van Benthem © Omrop Fryslân
"Ik ben dan bijna 25 jaar weg, maar die Elfstedentocht blijft altijd leven voor mij. Friesland blijft altijd een bijzonder plekje houden in mijn leven. Als het allemaal mogelijk geweest was, waren we hier een boerderij begonnen. Prachtig", seit Van Benthem.
Mei it boek hopet Jannette dat it ferhaal fan har man ferteld wurdt en de Alvestêdetocht libjen bliuwt foar nije generaasjes. "Het is en blijft jammer dat die tocht niet terugkwam de afgelopen jaren. Maar we hopen er ieder jaar weer op."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.