Ministearjes binne derút: 15 jier asylopfang njonken fleanbasis Ljouwert
It terrein fan it eardere túnsintrum njonken fleanbasis Ljouwert kin brûkt wurde foar de opfang fan 450 asylsikers. Dat hawwe de ministearjes fan Definsje en fan Asyl en Migraasje oan de gemeente witte litten.
De gemeenteried moat der noch definityf oer beslute. Der leit noch in ferklearring fan gjin betinkings foar, as dy ôfjûn wurdt, krijt de komst fan de opfang grien ljocht.
It giet om in opfang foar de perioade fan maksimaal 15 jier. Ien fan de betingsten fan de ministearjes is dat der gjin permaninte bewenning komme mei.
It Ryk stelt no foar om de grûn oer te nimmen fan projektûntwikkelder Zwanenburg en dêr sels te bouwen.
Nei 15 jier wol it Ryk dan yn oparbeidzjen mei de gemeente Ljouwert sjen hoe't it terrein dan brûkt wurde kin. It giet dan om bygelyks it tydlik húsfestjen fan minsken dy't dan dan nedich ha.
Permaninte bewenning
Just dy permaninte bewenning mei ek permaninte bebouwing is in grutte winsk fan de projektûntwikkelder Zwanenburg en de gemeente Ljouwert.
Dat is nammentlik folle duorsumer: de wenningen kinne nei de opfangperioade oanpast wurde ta gewoane huzen en op de merk set wurde.
Dêr leit lykwols it probleem foar Definsje: al ferskate kearen hat dat ministearje oan gemeente Ljouwert witte litten dat se de needsaak fan asylopfang wol sjogge, mar dat se op dy lokaasje njonken de basis gjin permaninte bewenning wolle.
Fan it simmer stie dat stânpunt - gjin permaninte bewenning - ek yn in brief fan Definsje.
Op fersyk fan de gemeente Ljouwert is dy brief net offisjeel ferstjoerd, mar nei in berop fan Omrop Fryslân op de Wet open overheid waard de ynhâld dochs iepenbier.
Yn de brief stiet dat Definsje noed hat oer it funksjonearjen fan de fleanbasis as de plannen fan de gemeente Ljouwert trochgean soenen, mei earst 15 jier opfang en dêrnei in fêst plak foar huzen.
De gemeente Ljouwert hat mei projektûntwikkelder Zwanenburg lykwols ôfspraken makke oer de ûntwikkeling fan it gebiet.
Definsje wol lykwols de kommende 30 jier net beheind wurde yn de aktiviteiten. Dy perioade mei dêrom ek net permanint wenne wurde op de lokaasje yn de buert fan de fleanbasis.
It wie ek de winsk fan Definsje dat de opfang net langer as 10 jier duorret. Dêr komt Definsje no op werom: se wolle der graach mei de gemeente Ljouwert útkomme. Dat ta blydskip fan de gemeente Ljouwert, seit wethâlder Hein de Haan.
De Haan seit no dat de easken fan definsje net 'buitensporig' binne. Hy is bliid dat Definsje ek nei de perioade fan opfang sjen wol oft de gebouwen dy't der komme ek op in oare wize ynset wurde kinne.
Zwanenburg kin noch net sizze wat it betsjut foar it folsleine projekt. Se jouwe oan ree te wêzen om te sykjen nei in oplossing.
Net yn kalk en semint
Is it dan no allegear yn kalk en semint? Beslist net.
De gemeenteried fan Ljouwert moat noch te set oer it ûnderwerp. By it lêste riedsdebat binne in soad fragen steld dy't noch net beantwurde binne.
De folsleine opposysje kaam doe mei in moasje fan ôfkarring tsjin it kolleezje. Dy helle it net, omdat de koälysje fan GrienLinks, PvdA, Gemeentebelangen en CDA achter de wethâlders en boargemaster stean bleau.
Ynkoarten folget in nij debat. Dêrnei wurdt de gemeenteried frege om in ferklearring fan gjin betinkings en fan gjin beswier ôf te jaan.
As dy polityke hobbels naam binne, komt de saak ûnder de rjochter: omwenners hawwe earder al juridyske stappen oankundige tsjin de komst fan de opfang en dêrmei dus ek tsjin de lettere permaninte bewenning.