Hoe moatte we omgean mei in sâltere Waadkust? "Zilte teelt, echt heerlijk"
Wrâldwiid rint sa'n ien miljard bunder lânbougrûn gefaar troch it sâlter wurden fan de grûn. Dêrtroch is de grûn dreger te brûken is foar lânbou. Ek de Fryske kust hat mei dit probleem te krijen.
Oarsaak fan it sâlter wurden is it heger wurden fan de seespegel yn kombinaasje mei de boaiemdelgong en de perioaden fan drûchte dy't hieltyd faker foarkomme.
De measte gewaaksen yn 'e lânbou hawwe (swiet) wetter nedich om goed te groeien. Wannear't der te folle sâlt yn it grûnwetter sit, smyt dat skea op. Yn guon gefallen wol der hielendal neat mear groeie.
Benammen blombollen en fruit binne gefoelich foar te folle sâlt, mar ek bepaalde grienten en sipels binne fetber.
Kustgebiet
Op de fersiltingsrisikokaart fan de provinsje is te sjen dat benammen de gebieten oan de Waadkust gefaar rinne. Dy hiele stripe bestiet foar in grut part út lânbougrûn.
"Het gaat om de gehele kuststrook van Groningen tot Zeeland, dus ook de Friese kust", seit Peter Prins.
Hy is direkteur fan SALTA, in gearwurkingsferbân fan oerheid, ûnderwiis en bedriuwslibben dat him rjochtet op fersilting fan de kust.
"Dan gaat het niet alleen om het stuk land direct langs de zeedijk, maar het betreft een veel breder gebied", giet Prins fierder. "Dat kan tot wel een kilometer of tien landinwaarts gaan."
Ald ûndersyk
Prins wol dat der mear ûndersyk dien wurdt nei de gefolgen fan fersilting.
"We hebben allerlei normen op papier over wat er gebeurt met gewassen bij een bepaald zoutgehalte, maar die normen zijn gebaseerd op Amerikaans onderzoek uit de jaren 50."
"Voor de gewassen en rassen waar we nu mee werken, liggen die normen misschien wel heel anders. Daar willen we de komende tijd meer zicht op krijgen."
Dochs is it net sa dat der hielendal neat groeit op sâlte grûn. Sa is op Skylge sûnt 2017 De Zilte Tuin aktyf.
It is in hoekje lân bûten it doarp Lies, oan de seedyk, dêr't in groep frijwilligers eksperimintearret mei silte tylt. Sâlt grûnwetter wurdt omheech pompt en brûkt foar de gewaaksen.
"Zeekraal, zeeaster, Nieuw-Zeelandse spinazie, ijskruid, zeebanaan, bieten", sommet Flang Cupido laitsjend op, wannear't him frege wurdt hokker grienten der yn de tún te finen binne.
Cupido is ien fan de frijwilligers dy't meiwurket oan De Zilte Tuin en is tige entûsjast oer it projekt. De Skylger hoareka nimt produkten fan de tún ôf, fertelt hy.
"Je proeft het echt. De producten die we hier kweken, zitten heel hoog op smaak. Echt heerlijk."
Reinwetter opslaan
By SALTA wolle se sjen hoe't boeren omgean kinne mei de fersilting fan harren grûn.
"Het is vooral zaak om anders om te gaan met regenwater dat vooral in de winter nog altijd redelijk overvloedig valt", seit direkteur Prins dêroer.
Op oare plakken yn Nederlân binne boeren al oerstaach gien, wit Prins. "In Zeeland gebeurt het al dat boeren dat regenwater tijdelijk opslaan. Dat kan bijvoorbeeld ondergronds of in een bassin", fertelt er.
"Daarmee kunnen ze dan droge periodes in de zomer doorkomen. Ik verwacht dat we dat ook in Fryslân meer gaan zien."