Grutte operaasje op komst om bosken op te knappen: "Ze staan er niet goed voor"

Deade beammen en in soad toarnbeieamkes yn de Blauwe Bosk by De Haule © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Der is in grutte wersteloperaasje op komst foar ús bosken. Benammen op de sângrûnen ha dy te lijen fan fersuorring en útdrûging. Sûne bosken binne essinsjeel om de gefolgen fan de klimaatferoaring opfange te kinnen.
Beammen absorbearje it broeikasgas CO2 en kinne dêrtroch de opwaarming fan de ierde tsjingean. Takom jier wurde de earste werstelmaatregels foar bosken naam.
Net dat de behearders en eigeners fan bosken no op harren hannen sitte, want as ûnderdiel fan it reguliere behear komme je der hast net ûnderút om sa no en dan yn te gripen.
Bygelyks spjirren kinne sa ferswakke dat pleachbisten as de lettersetter de kâns krije om op grutte skaal bosken kapot te meitsjen. Op ferskate plakken wurde dy beammen der no al útkapt.

Stikstof soarget foar soer bosk

Dat spilet net allinnich yn bosken op sângrûn, mar dêr binne de problemen wol it grutst. Goed in moanne lyn makke It Fryske Gea bekend dat de boskboaiem by Ketlik sa soer as jittik is en dat twa oare bosken op sângrûn lêst ha fan dy fersoering.
"Dat is vanwege de stikstof. Er valt teveel stikstof uit de lucht en daardoor wordt de bodem veel zuurder", seit ekolooch Gabriël Vriens fan de provinsje Fryslân.

Noch mear fersuorring

Vriens: "Bossen op die zandgronden hebben eigenlijk al een heel arm milieu en die zijn daardoor kwetsbaarder. Er komt sneller extra verzuring bij dan van nature het geval zou zijn."
Ek hy skrok fan de befinings fan it Fryske Gea. "Maar het was wel in de lijn der verwachtingen want de bossen staan er niet goed voor", sa seit de provinsjale ekolooch.
Bosken op sângrûn © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Noch fan de natuermaatregels fan it foarige kabinet út is der 180 miljoen euro oermakke nei de provinsje. In part fan dat 'maatregelenpakket' is bedoeld foar it wer sûn meitsjen fan de bosken.
Vriens oer hoefier oft sy dêr no mei binne: "Dat wordt nu uitgewerkt samen met de natuurorganisaties en de particuliere bosbeheerders. Dan zal er misschien volgend jaar of het jaar erop gestart worden met maatregelen."

Stienmoal

Foar it Ketliker Skar tinkt It Fryske Gea nei oer de ynset fan mealle stiennen tsjin de fersuorring; it saneamde stienmoal.
Steatsboskbehear is as grutste natuerbehearder fan Nederlân weromhâldend mei it gebrûk derfan en hat it allinnich yn heidegebieten ynsetten. Ek it struien fan kalk, eat wat boeren wol dogge, wurdt wol brûkt.

Mear as kalk en stienmoal

It palet oan maatregels is fansels grutter as kalk en stienmoal allinnich. Behearder Jochum van Kerkvoorde fan Steatsboskbehear nimt ús mei nei twa foarbylden fan oare oanpakken.
Wy begjinne op in stripe bosk by Finkegea dêr't nije beammen plante binne op in plak dêr't troch esketûkestjerte in gat ûntstien wie. En dit foarbyld lit fuort al sjen dat soks lang net altiten sa ienfâldich is.
Yn dit bosk by Wolvegea grypt Steatsboskbehear no al yn © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Wat je hier eigenlijk ziet gebeuren, is een stukje vermesting. Er zijn teveel voedingsstoffen waardoor een aantal planten die daar heel goed tegen kunnen zoals bramen en brandnetels daar gigantisch van profiteren", leit Van Kerkvoorde út.
"Op dit moment onderdrukken die de jonge aanplant en zijn we met man en macht bezig om die weer vrij te zetten om daar toch maar goede bomen van te krijgen."

Ferskate soarten beammen

Hokker beammen je plantsje, makket ek noch wol wat út as it oer fersuorring giet. Van Kerkvoorde: "We hebben natuurlijk wel geleerd van het verleden waarbij we nogal in monocultuur bossen hebben aangeplant. Dus grote vakken met eiken en fijnspar."
"Dat zijn echt twee soorten die de bodem extra kunnen verzuren. Daar kunnen ze goed tegen, maar om de bodem in betere conditie te krijgen, hebben we hier gekozen voor een aantal andere soorten waaronder iep, wilg en populier."

Spontaan

In healoere riden fierder kuierje wy troch de Blauwe Bosk by De Haule. Net alles stiet der like goed by, mar op it plak dêr't Steatsboskbehear twa stikken heide foar benammen de njirre mei elkoar ferbûn hat, is romte litten foar it spontaan ûntstean fan nij bosk. Dat ferrint goed omdat de boaiemkwaliteit dêr noch goed is, mei boarnen fan sied tichtby.
Behearder Jochum van Kerkvoorde fan Steatsboskbehear © Omrop Fryslân, Remco de Vries
"Hier is een stuk bos dat in slechte conditie was een aantal jaren geleden gekapt en je ziet hier een stuk bos dat spontaan is gaan ontwikkelen. Dit is wel uitzonderlijk mooi. Er staan berken in, eiken, grove den, lariks, douglas, sitkarspar, fijnspar en ik sla er vast een hele boel over."
"Maar eigenlijk is dit een heel mooi divers bos waarmee wij heel mooi de toekomst in kunnen", seit in sichtber blide Van Kerkvoorde.
Hy tinkt der noch oer nei om de boskboaiem fierderop mei opsetsin te skansearjen wêrtroch't de keale grûn frij komt en nije beammen in kâns krije. Dy kâns ha se noch net omdat de laach deade blêden en oar materiaal dêrfoar no te tsjok is.

"Plop, daar is het"

Sowieso smyt boskûntwikkeling net fan de iene op de oare dei wat op.
Spontane boskûntwikling yn de Blauwe Bosk by De Haule © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ekolooch Vriens: "Een bos groeit niet van de ene op de andere dag. Zo van plop, daar is het!" Yn de konsept-Natuerdoelanalyses dy't de provinsje by it Ryk oanlevere hat, stiet ek dat der struktureel wat feroarje moat yn de stikstofbelesting en ferdrûging fan bosk en heide.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.