Frysk ferstean gjin probleem foar de kening: "Ik luisterde weleens naar Friese zenders"

De kening kuieret troch de Grote Kerkstraat yn Ljouwert © ANP
Kening Willem-Alexander kin it Frysk aardich folgje. "Ik luisterde weleens naar Friese zenders vroeger", sei er fan 'e moarn by syn besite oan de provinsje.
Kening Willem-Alexander lit him hjoed ûnderdompelje yn de wrâld fan de Fryske taal en kultuer. Al fier foardat er by de Fryske Akademy oankaam, stienen der fans te wachtsjen yn Ljouwert.
"Ik ben eigenlijk bij alles waar de koning is in Friesland", fertelt in man. "Ik geef ze altijd Friese koekjes." In frou seit: "De koning verbindt iedereen."

Earste wurdboek

Foar in keningsbesite kamen yn elts gefal tal fan promininte minsken op it mêd fan de Fryske taal en kultuer byinoar. Fan taalûndersiker Anne Merkuur oant taaldeputearre Eke Folkerts.
Oan tafel by de Fryske Akademy toande de kening him nijsgjirrich. Sa woe er witte wannear't it earste Fryske wurdboek skreaun waard. Han Nijdam, dy't ûndersyk docht nei it Aldfrysk, koe him fertelle dat dat yn de njoggentjinde iuw wie, skreaun troch Joost Halbertsma.
Fierder gie it ûnder oare oer de status fan it Frysk, de skiednis fan de taal en it online rymwurdboek op de website Frysker.nl.
Der wie in soad omtinken foar de besite fan de kening © Omrop Fryslân, Iris Witzenburg
Yntusken sammelen op strjitte hieltyd mear minsken harren om in glim fan de kening op te fangen. Hy krige Fryske tsiis en Fryske dúmkes oanbean.

"Fryslân het mooiste vanaf het ijs"

Dêrnei gie it nei histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar, dêr't de kening meidie yn in 'bernekolleezje' út it lesprogramma 'Triedsjes nei it ferline'. It gie ûnder mear oer reedriden. De kening fertelde oer de Alvestêdetocht dêr't er oan meidien hat.
De kening by it 'bernekolleezje' © ANP
Dat fûn hy in bysûndere en moaie ûnderfining. "De provincie Fryslân is het mooiste vanaf het ijs of vanaf het water in de zomer", fynt de kening.

Wat docht de kening hjir?

De kening wie op wurkbesite om mear te learen oer hoe't Fryslân omgiet mei de Fryske taal.
Hy krige mear te hearren oer it wittenskiplik ûndersyk nei it Frysk en it belang fan de taal yn it deistich libben.
De kening fûn it ek nijsgjirrich om te hearren oer de ferskillende Fryske taalfarianten. "Is Stadsfries een mengelmoes van Fries en Nederlands?", frege er him ôf. "Gooi je er dan een Nederlands woord in als je het Friese woord niet weet?" De oanwêzige taalsaakkundigen koenen dat gau ûntkrêftsje.

Frysk prate slagget net

De besite waard ôfsletten mei in petear by de Afûk oer de betsjutting fan it Frysk yn it deistich libben. Studint op it mbû Liam Zwaagman joech dêr oan dat hy de iennige oan tafel wie dy't gjin Frysk prate. "Nou, ik ben er ook één", lake de kening.
De kening bestudearret âlde Fryske teksten by Tresoar © ANP
Even foar ienen wie it petear ôfrûn. "Ik heb het belang van de Friese taal als taal voor Friesland geleerd. Sinds tien jaar is formeel in de wet vastgelegd dat Fries echt gebruikt mag worden. Vandaag heb ik gezien wat die tien jaar betekend heeft en de trots van de Friezen is heel duidelijk geworden", sei de kening.
"Ik ben heel blij dat ik dit bezoek vandaag heb kunnen afleggen." En doe wie it wer: hup, de auto yn. Op nei de folgjende besite.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.