HEA! Yn galop troch Wurdum
Yn Wurdum binne Ella en Neo oan it hynderriden. Mar dat dogge se net op echte hynders, mar op stokhynders. Foar harren fielt it as binne it echte hynders en mei harren binne der noch folle mear famkes út it doarp dy't deselde hobby ha.
De twa fine it in superleuke hobby en de hynders fan Neo en Ella lústerje goed. Se kinne heech springe en fierders ride se der gewoan op. Eins wolle de famkes in echt hynder ha. mar dat sit der foarearst noch net yn.