'Mystery shoppers' op besite by Fryske sportklups: "It is wat achterbaks"
Fryske sportklups krije ynkoarten besite fan 'mystery shoppers'. Net om de sportbelibbing yn kaart te bringen, mar om te sjen oft minderjierrigen ek alkohol krije kinne yn de kantine.
It giet om in kontrôle fan GGD Fryslân: ein dit jier begjint de sûnenstsjinst mei hanthavenjen, yn opdracht fan alle Fryske gemeenten.
Hoewol't de besiten in goed doel tsjinje, is net eltsenien fuortendaalks entûsjast. "It hat wat provosearjends", fynt foarsitter Gijs Lokhorst fan Drachtster Boys.
De ynset fan in mystery shopper is net in foarm dy't wy tajûchje. It is wat achterbaks, je dage út.
"Yn syn algemienheid is it goed om jongelju te ynformearjen oer alkoholgebrûk, mar de ynset fan in mystery shopper is net in foarm dy't wy tajûchje. It is wat achterbaks, je dage út", leit Lokhorst út.
Boppedat tinkt er: "It is net foar te kommen dat de jongerein alkohol drinkt." Nei in wedstriid kin it ferskuorrende drok wêze yn de kantine en falt der hast net te kontrolearjen.
"Wêr't wy minsken kenne, sprekke wy derop oan. Mar guon âlden steane ek ta dat harren bern fan 17 in bierke drinkt. It systeem is net wetterticht."
'Hotspots'
GGD Fryslân docht de kontrôle dus yn opdracht fan gemeenten. "Zij vroegen ons te kijken naar specifieke hotspots met een alcoholvergunning. Daaruit kwamen sportclubs naar voren", seit Lowise Hazenberg fan GGD Fryslân.
Hazenberg erkent dat kontrolearje by sportferieningen lestich is. "Het is ons-kent-ons, het is ontzettend druk. Maar je wil je vrijwilligers ook een veilige werkplek bieden."
"Niet met het vingertje wijzen"
Hazenberg fynt it heftich dat Lokhorst de metoade 'achterbaksk' neamt.
"In dit nalevingsonderzoek zetten we vooral in op gesprek. We kunnen tipkaarten geven en we organiseren bijeenkomsten. We willen niet met het vingertje wijzen, maar tips geven om het probleem in de toekomst te voorkomen."
Lokhorst wol yndie leaver ynsette op foarljochting oer alkohol by jongelju én folwoeksenen.
"Wy jouwe fansels ús meiwurking, mar ik wit net oft je op dize manier draachflak kreëarje by klups", seit Lokhorst. "Ik tink net dat de útkomsten sa ferrassend wêze sille."
De mystery shopper sprekt, as de situaasje dat talit, dejinge dy't alkohol skinkt oan. In boete krije de fuotbalklups net fuortendaalks, mar Hazenberg seit dat de gemeente wol hanthaving ynsette kin.