Minder strange beskerming foar de wolf: dit is wat it betsjut
De wolf krijt op termyn in minder strang beskerme status as no. Wat dat betsjut is noch net dúdlik. Wat wol wis is: fan samar yngripe is foarearst noch gjin sprake.
De ferantwurdlike Europeeske ministers ha besletten dat de de bepaling 'strang beskerme' ôfskaald wurdt nei 'beskerme'. Dat wie al langer de winsk fan in grut tal Europeeske lannen, dêr't wolven foar skea soargje ûnder benammen skiep.
De Fryske situaasje
Ek yn Fryslân falle wolven geregeld fee oan. Dit jier op syn minst al 85 kear, wêrby't 324 bisten it slachtoffer waarden.
De deadlikste oanfal wie yn maart yn De Fochtel: 22 skiep lieten it libben. De eigener hie se beskerme neffens de advysnoarmen. Foar fierwei it grutste part fan de oanfallen jildt lykwols dat de skiep net goed genôch beskerme waarden.
De wolven dy't ferantwurdlik binne foar de skea, hearre by de groep yn it Drents-Friese Wold. It is net hielendal dúdlik hoe grut oft de keppel no is.
Der binne dit jier fjouwer welpen sjoen op wyldkamera's. Twa jierlingen, welpen fan ferline jier, binne yntusken sneuvele yn it ferkear yn Dútslân. Fan in oare jierling is DNA-materiaal fûn yn Nedersaksen. It binne allegear mantsjes dy't hjir weigien binne, nei alle gedachten op syk nei in eigen territoarium.
Beskerming regele yn ynternasjonale ôfspraken
De wolf hat yn Europa al lang in strang beskerme status, omdat er jildt as in seldsume soart. De beskermingsstatus is fêstlein yn it Ferdrach fan Bern (1979) oer it behâld fan wylde bisten en planten. Doedestiids wie de wolf sawat útstoarn yn Europa.
De ôfspraken oer de beskerming fan de wolf binne opnaam yn de Europeeske Habitatrjochtline. Doel dêrfan is om te soargjen foar mear bioferskaat.
Fan de wolf is wittenskiplik oantoand dat dy bydraacht oan dat bioferskaat. Neffens de regels mei it rôfbist net fersteurd of deamakke wurde. Foar probleemwolven kin in útsûndering makke wurde, bygelyks as de wolf hûnsdûmens (hondsdolheid) hat, of agressyf is nei minsken ta.
'Wolvepopulaasjes noch net sterk genôch'
Saakkundigen ha noed, no't it derop liket dat wolven minder strang beskerme wurde. Op in gearkomste mei eksperts earder fan 'e wike yn it Europeesk Parlemint wiisden se derop dat der yn Europa meardere wolvepopulaasjes binne, dy't genetysk fan elkoar ferskille. En dy binne noch net sterk genôch om as soarte te oerlibjen, wurdt sein.
De saakkundigen pleitsje derfoar om de strang beskerme status te hanthavenjen.
De eksperts wiisden der ek op dat alderhande maatregels mooglik binne om fee tsjin de wolf te beskermjen, lykas stekken en hûnen om de keppel te beweitsjen. Sokke maatregels wurkje goed yn lannen dêr't se tapast wurde.
Neffens de saakkundigen is it mooglik om as minske mei de wolf te libjen. Yn lannen as Spanje, Portugal en Switserlân wurkje feehâlders en natuerbeskermers nau gear om dat mooglik te meitsjen.
De eksperts pleitsje ek foar folle mear foarljochting oer it belang fan de wolf foar it bioferskaat, hoe't skea foarkaam wurde kin en hoe't je mei in wolf omgean moatte as je ien sjogge. Dat gebeurt no te min, sizze se.
Wolf bliuwt beskerme bistesoart
It is noch net hielendal helder wat in legere beskermingsstatus ynhâldt, mar it wurdt wol minder dreech om yn te gripen. Dochs binne der dan likegoed noch wol betingsten dêr't oan foldien wurde moat.
Lannen soene wat dwaan kinne oan it behear fan de populaasje, mar allinne as de populaasje grut en sûn genôch is. It moat dus dúdlik wêze dat de soarte it ha kin, oars mei der neat dien wurde.
De oanpassingen binne net fan hjoed op moarn in feit. As de Europeeske Kommisje beslút om de status te ferleegjen, moat it Ferdrach fan Bern oanpast wurde. Dêr is yn desimber in gearkomste oer.
Mochten de ûndertekeners fan dat ferdrach akkoart gean, dan moat de Europeeske Habitatrjochtline wizige wurde. Dêrnei moatte alle yndividuele lidsteaten fan de Europeeske Uny har eigen wetjouwing der noch op oanpasse.