Hoe't pesterijen Jacob-Jan ta wanhoop dreaune: "Moast foar elkenien in bûging meitsje"

Jacob-Jan van der Veen © Jacob-Jan van der Veen
De ritsjes nei skoalle fielden as de wei nei Golgotha. Jacob-Jan van der Veen (35) fan De Jouwer waard jierrenlang pest. Op it skoalplein, yn it fytsehok; nearne lieten se him gewurde. "Ik moast my omklaaie yn de gong."
Jacob-Jan van der Veen wie fyftjin jier doe't yn syn keamer it nûmer 'No More Drama' fan Mary J. Blidge op stie. Hy pakte in hammer en tocht 'no is it klear'.
"Ik woe mysels sa hurd tsjin de sliep slaan, dat ik it net oerlibje soe." Uteinlik liet er de hammer falle. Mar hast hie it einleaze treiterjen him de ôfgrûn yntreaun.
No't it de Week Tegen Pesten is, wol Jacob-Jan syn ferhaal fertelle.
Soms tinkst: as ik dy kloatsekken foar de auto krij..
Jacob-Jan van der Veen waard jierrenlang pest
It pesten begûn fan syn achtste ôf en hold oan oant syn njoggentjinde. It liet djippe spoaren nei. It makket him soms ûnwis en fan wrok is er noch net ferlost. "Ik soe it fansels noait dwaan, mar soms tinke je: as ik dy kloatsekken foar de auto krij..."
It begûn op de basisskoalle. Geregeld kaam er mei triennen yn 'e eagen thús. Dan wie it wer sa'n dei.

Broek nei beneden

Guon pesterijen spûken him noch altyd yn 'e holle om. Sa as dy kear yn it fytsehok.
"In pear jonges bleaunen mar sizzen dat ik in ruft oan hie. Nei in tiid waard ik sa lilk, dat ik sjen liet dat it ûnsin wie. Ik liet dêrom de broek sakje, wêrnei't ik hurd útlake waard."
Jacob-Jan waard jierenlang pest © Shutterstock
It soe mar in splinter fan alle pesterijen blike. Ek de gymklaaikeamer waard in ferfelende romte foar Jacob-Jan.
Klasgenoaten seinen him dat elkenien acht heakjes nedich hie om it guod kwyt te kinnen. "Dat hiene se dan yn it foar útrekkene, sadat der foar my gjin plak mear wie. En dus moast ik my yn de gong omklaaie."

Fertriet by âlden

Wêrom't se him hawwe moasten, wie foar him in riedsel. Weromsjend tinkt er: "Ik wie eigenmachtich. Utsprutsen. Ik sei wat ik fûn, mar die dat tink ik net altyd like handich."
Njonken Jacob-Jan sels, hiene ek syn âlden te lijen hân fan de situaasje. "Soms sieten we mei ús trijen te gûlen. 'Hoe kinne wy dy dochs helpe, jonge?', sei ús heit, as ik by him op 'e skurte siet. Dat rekke my sa: it fertriet fan myn âlden."

Pestkursus

Uteinlik gie Jacob-Jan nei in striidberheidstraining yn Ljouwert. Of 'pestkursus', sa't er it neamde. Mei de holle yn 'e hannen siet er yn line 28. Freeslik, fûn er it.
"It idee dat je sels striidberder wurde moatte. Dat makket my echt lilk", seit er. "Datsto dejinge bist dy't feroarje moat, dat fielt net goed. It probleem leit ommers by de pesters."
Ik waard oer it plein meiskuord en moast foar elkenien in bûging meitsje.
Jacob-Jan út De Jouwer
De bern op 'e basisskoalle kin er sûnder muoite ferjaan. Dan witte je noch net goed wat de gefolgen binne fan je gedrach, seit er.
By de pestkoppen fan de middelbere skoalle fynt er dit dreger.
Doe't er nei it Bornego College op It Hearrenfean gie, hope er in aaklike perioade ôfslute te kinnen. Mar spitigernôch, de gifbeker bliek noch lang net leech.
Ek op de middelbere skoale waard Jacob-Jan pest © Shutterstock
Ek hjir moasten se him ha. Hy wit it noch goed. Sa ferskynt der foar syn geasteseach: "Myn hân waard op myn rêch lein en nei boppen treaun. Sa waard ik oer it plein meiskuord en moast ik foar elkenien in bûging meitsje."

Wanhopich

Hy besocht fan alles om it ophâlde te litten. "Meilaitsje as ik bespot waard. Oft se foar te wêzen troch mysels bespotlik te meitsjen." Mar it holp allegear net. "Je wurde wanhopich."
Jacob-Jan doe't er 17 wie © Jacob-Jan van der Veen
It narjen barde meastentiids yn it genyp. Under tasjend each fan learkrêften holden pesters harren 'gedeisd', fertelt er. "Se hiene der dêrom faak gjin weet fan. En ik woe it doe net fertelle, omdat ik bang wie dat it dan slimmer wurde soe."
Ik waard ûnwis en fielde my fertrietlik.
Jacob-Jan oer de ympakt fan pesten
Syn skoalprestaasjes hienen derûnder te lijen. Hy gie fan havo/vwo nei it vmbo. It learen gie muoisum. De pesterijen op skoalle naam Jacob-Jan mei nei hûs. Hy brokkele ôf. "Ik waard ûnwis en fielde my fertrietlik."
Ek mei syn âlden prate hy der net mear oer. Thús wie it plak dêr't er himsels wêze koe en noch in gefoel fan frijheid ûnderfûn. "As ik dan fertelde wat der op skoalle barde, dan soe dat my werombringe nei de pine."

De azempauze

Nei de middelbere skoalle bruts de sinne troch. Der kaam in pestfrije perioade. 'De azempauze', neamt de Jouster it.
Jacob-Jan folge de oplieding ta autoferkeaper, op It Hearrenfean. Hy trof jonges mei deselde ynteresses en sleat in pear freonskippen.
Dêr bloeide er fan op. "Sy wurdearren my wol om wa't ik wie. Trije jier lang wie ik wer fleurich."
'Op dizze leeftiid wurdt der net mear pest', sei de learaar.
In learaar leaude net dat Jacob-Jan pest waard
Doe't Jacob-Jan in ferfolchoplieding yn Apeldoorn die, wachte der lykwols wer in tsjuster jier. Hy wie doe 19, en it pesten gie fierder.
Jacob-Jan waard ek fia chatgroepen bespotlik makke © Shutterstock
Hy kaarte it oan by in learaar. "Ik sil syn reaksje nea ferjitte: 'Op dizze leeftiid wurdt der net mear pest'."

Chatgroep

De klasse fan Jacob-Jan hie in eigen chatgroep. Mar sûnder him.
Wat oaren fan him fûnen, ynteressearre him ûnderwilens net mear sa. It pesten hie him hurde. Mar doe't er lies wat der yn dizze groep oer him sein waard, knapte der wat.
"Oer myn freondinne seine se bygelyks: 'As dy mei Jacob-Jan giet, moat se wol mearfâldich handicapt wêze'."
In pear klassegenoaten fûnen dat te fier gean en lieten him prints fan de petearen sjen.

Stilte yn de leararekeamer

Hy gie dermei nei de leararekeamer. Der foel in izige stilte doe't de petearen fan hân nei hân giene. Se koene hast net leauwe dat der soks op harren skoalle barde.
Peste © Shutterstock
Yntusken is de Jouster 35. It libben lit him fan in oare kant sjen. Jacob-Jan is gelokkich mei syn freondinne en hat in eigen autobedriuw op It Hearrenfean. "Ik freegje my wolris ôf oft myn pesters it ek sa moai foarinoar hawwe."
Dochs sit er mei groeden fan al dy mentale tikken. De ûnwissens besiket him noch geregeld.
Sa sjocht er leaver net yn spegels. Want syn uterlik wie ek reden foar spot by syn pesters. "It giet hieltyd wat better. Mar noch tink ik wolris as ik myn freondinne sjoch: 'hoe kin sa'n moaie frou no mei my gean?'. It sit hiel djip."

No More Drama

In jier lyn hearde Jacob-Jan ynienen No More Drama út de radio kommen. Oant dy tiid sette er dan de muzyk ôf, of rûn fuort. Te folle emoasje. Ek no sprong it hier oerein, mar dochs bleau er sitten. Foar it earst.
It bliek in kantelpunt te wêzen. "Ik woe myn ferline graach mei oaren diele, mar wie dêr nea klear foar. Dit iene momint makke my dúdlik dat it tiid wie."
Nei de pesterijen lake it libben him wer ta © Shutterstock
No fertelt er deroer op skoallen. Frijút. As is de stop derút lutsen. It makket him lichter. Mar wichtiger, neffens him: "Ik wol pesters ynsjen litte wat harren gedrach oanrjochtsje kin. Al soe ik mar by ien de eagen iepenje."

A4'ke tear

By syn besiten lit er de oanwêzigen in skerpe tear yn in A4'ke meitsje. Dêrnei meie se der in prop fan meitsje.
"Ik freegje elkenien dêrnei om it papier folslein glêd te striken. Dat slagget fansels net. En miskien dat de knûkels ferdwine ast der jierrenlang in blok beton op leist. Mar de skerpe tear, dy ferdwynt noait", seit Jacob-Jan.
"Dat is wat pesten docht."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.