Fryslân net neamd yn regearakkoart, wol lânbourobots, Lelyline en 'mestgezant'

It Binnenhof yn Den Haach © Shutterstock.com
It kabinet wol dizze regearperioade de 'taslagge-affêre' definityf ôfslute. Der komt in 'mestgezant' om de eksport fan dong te befoarderjen. En minister Wiersma wol de ynset fan robots op it boerehiem befoarderje. It binne in pear punten út it regearprogramma fan kabinet-Schoof I.
Fryslân wurdt net apart neamd yn it regearakkoart, mar de Lelyline wol. Oer de plannen foar in flugge spoarline fan Lelystêd nei Grins oer It Hearrenfean en Drachten wol it Ryk oan 'e ein fan dit jier beslute yn oerlis mei de belutsen provinsjes.
Ofhinklik fan de resultaten fan it ûndersyk nei de Lelyline kin dit ta in ferfolchopdracht liede. It Ryk beskôget de spoarferbining as in 'prioritêr projekt', sa stiet derby.

Iepenbier ferfier yn lanlik gebiet ferbetterje

It kabinet wol ek it iepenbier ferfier yn it lanlik gebiet ferbetterje. Oer fleanfjild Lelystêd, dêr't yn it suden fan Fryslân soargen oer besteane, wol minister Barry Madlener fan Ynfrastruktuer en Wettersteat takommend jier in beslút nimme.
Itenswissigens en ynnovaasje steane de kommende jierren sintraal yn it belied fan minister fan Lânbou Femke Wiersma. "Ynnovaasjes binne krúsjaal, want dy kinne de boeren wer romte en perspektyf jaan", sa lit de minister witte.
Minister Femke Wiersma fan Lânbou, Fiskerij, Itenswissigens en Natuer © ANP
Al takommend jier wol de minister úteinsette mei in apart ynnovaasjeprogramma 'Robots nei de boerepraktyk', rjochte op it besparjen fan arbeidskrêften.
It kabinet wol takommend jier mei in nasjonale itensstrategy (voedselstrategie) komme en sil by de Europeeske Uny op oantrúnje om op Europeesk nivo itselde te dwaan.

Dongkrisis en 'mestgezant'

Minister Wiersma wol ek 'alles op alles' sette om de dongkrisis oan te pakken. By ferkeap fan boerebedriuwen leverje de bedriuwen produksjerjochten yn. Foar melkfee giet it om 30 prosint, foar bargehâlderijen 25 prosint en foar plomfeebedriuwen 15 prosint.
Foar it befoarderjen fan de eksport fan dong, wol de minister in aparte 'mestgezant' beneame. Fierder sil de minister ek ynsette op petearen mei de Europeeske Uny foar it ferheegjen fan de noarm fan 170 kilogram stikstof de bunder.
Sophie Hermans (VVD), Fleur Agema (PVV), premier Dick Schoof, Mona Keijzer (BBB) en Eddy van Hijum (NSC) mei it regearprogramma © ANP
Wat it nije kabinet krekt wol mei it Waadgebiet, wurdt net dúdlik yn it regearakkoart. It gebiet, dat de status fan UNESCO-wrâlderfgoed hat, wurdt net neamd yn it regearakkoart. Itselde jildt foar de Waadeilannen: yn tsjinstelling ta de Karibyske eilannen wurde ek de Fryske Waadeilannen net neamd.

Streeksikehuzen bliuwe

It kabinet skriuwt ek dat streeksikehuzen behâlden wurde. De gruttere sikehuzen moatte de lytsere helpe. Dat kin troch yn de streeksikehuzen ienfâldige operaasjes útfiere te litten. Pasjinten hoege dan minder fier te reizgjen.
Op it stuit wurdt yn Fryslân wurke oan in sikehûsfúzje. Dy fan It Hearrenfean en Snits soenen plakmeitsje moatte foar in nij sikehûs op De Jouwer.
It Ryk wol de kommende jierren wol fierder gean mei it rapport 'Elke regio telt': nasjonaal belied sil tenei toetst wurde oan de regionale praktyk en mei de ûntwikkeling fan regio's net mear yn it paad stean.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.