Fegebart wint Liet en giet foar Fryslân nei it Regio Songfestival
Fegebart hat de finale fan Liet 2024 wûn mei it nûmer 'Bingojûn'. De band fertsjintwurdiget Fryslân op it Regio Songfestival op 9 novimber yn Maastricht.
De band Fegebart wie ien fan de acht finalisten dy't jûn optreden hawwe yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. It ferske fan harren giet oer in bingojûn dy't wat út de hân rint.
Fegebart krige yn totaal 46 punten fan de sjuery en einige dêrmei mei in romme ôfstân boppe Haitze, dy't 30 punten fertsjinne.
De bandleden fan Fegebart binne út de skroeven mei de winst. "Dit is geweldich. Wy binne hjir hiel wiis mei. Tige tank oan eltsenien", sprekke se.
Fegebart wint ek Gryt van Duinen-tekstpriis
Fegebart wûn mei harren ferske ek de Gryt van Duinen-tekstpriis foar de moaiste tekst fan alle ferskes. Mei de tekstpriis wol de organisaasje it skriuwen fan Frysktalige muzyk stimulearje.
Hannah Hoogsteen makke it poadium kompleet. Sy helle 28 punten.