Dit is watst witte moatst oer de finale fan Liet 2024
Acht muzikale acts stride jûn om de winst yn de finale fan it Frysk sjongfestival Liet 2024. De winner sil Fryslân yn novimber fertsjintwurdigje op it Regio Songfestival yn Maastricht.
"Nei in perioade fan tariedings, wurdt it no tiid dat de artysten it poadium pakke en oan Fryslân hearre litte wat se yn harren mars ha", seit produksjelieder Christel Pieper fan Liet.
"We fernimme it oeral om ús hinne: de Fryske muzyk en taal libbet. De teksten binne tige bysûnder en ha ferskate lagen."
Under de finalisten binne nije artysten, mar ek al wat bekendere gesichten. De dielnimmers oan de finale binne Lotte & Berend, Haitze F. de Vries, Hannah Hoogsteen, Elise Westerhof, Fegebart, André van der Weide, Albert Meijer en Pietrik & Trynke. De acht ferskes fan de finalisten binne hjir te hearren.
As alle acht acts optreden ha, kin it publyk thús syn stim útbringe op de webside fan Liet of fia de webside fan Omrop Fryslân. Dizze publyksstim is it fiifde sjuerylid.
De oare fjouwer sjueryleden binne muzikant Pieter de Boer (foarsitter), sjongeres Denise Rivera, dichteres en skriuwster Christa Niklewicz en radioman Wim Brons.
Der is ek in tekstpriis, ferneamd nei Gryt van Duinen, en dy wurdt útrikt troch deputearre Eke Folkerts. De sjuery hat út de acht teksten de bydrage keazen dy't him ûnderskiedt wat orizjinaliteit, humor en aktualiteit oanbelanget.
Liet 2024 live by Omrop Fryslân
De finale fan it Fryske sjongfestival Liet 2024 is jûn live te sjen by Omrop Fryslân, fia telefyzje en online fan 19.30 oere ôf.
De winner fan ferline jier, Melissa Pander, iepenet de finale en der is ek in optreden fan oanstoarmjend talint Steyn Land.