MCL begjint mantelsoarchprogramma: "Je binne it helpke fan it medysk personiel"
Sikehûs MCL yn Ljouwert begjint mei in spesjaal mantelsoarchprogramma. De soarchferliener wurdt opnaam yn it soarchteam en bliuwt it leafst dei en nacht by de pasjint.
De mantelsoarger draait dus fuortendaliks mei by it jaan fan soarch. De ôfrûne tiid is in proef dien om te sjen hoe't soks giet. De minsken dy't meidien hawwe, binne sa entûsjast dat besletten is de nije wize fan ekstra help oan te bieden nei in onkologyske operaasje of in oare swiere yngreep.
Yn it sikehûs rekken se ynspirearre troch in soartgelikens projekt yn Amsterdam. "Dêr seagen se dat de minsken minder thússoarch nedich hawwe as se wer thúskomme", seit Marije Hogeterp. De ferpleechkundige fan it MCL is de projektlieder. It giet om pasjinten dy't telâne komme op ferpleechôfdieling U, foar gewoane en onkologyske behannelings.
Eigen keamer
"We hawwe in twapersoanskeamer ynrjochte. De partner en bern kinne dêr oernachtsje en oerdeis helpe by de soarch." Hogeterp en har kollega's jouwe in stoomkursus ferpleechkunde foar begjinners. "We leare se de basis en de aktiviteiten dy't se sels thús dwaan kinne, lykas it ferfangen fan sondefieding."
Op de ôfdieling hawwe se dêr op termyn foardiel fan. Hogeterp: "Se nimme saken oer dy't wy belangryk fine, lykas in kuier oer de ôfdieling, help by it waskjen en sykhellingsoefeningen om longûntstekking foar te kommen."
"Yn alle gefallen haw ik leard om in hiel soad medyske behannelings te dwaan foar de pasjint", seit Johannes van der Veen. Hy is ien fan de minsken dy't meidraaide yn de proef fan it MCL. Syn frou Jannie krige de diagnoaze kanker en moast foar in operaasje nei it sikehûs.
Van der Veen twivele net en gie fuort mei syn frou mei nei it sikehûs. Goed twa wiken sliepte er by har op de keamer en holp er har dêr't er koe. "Helpe mei iten, it bêd netsjes hâlde, waskje en noch folle mear. Allegear saken dy't nedich binne foar it helpen fan it personiel."
Fielt fertroud
Foar syn frou Jannie wie it in útkomst: "Ik bin net in persoan dy't gau oan de belle lûkt. Dat je freegje oft de fuotten rjochtlein wurde kinne, of: Wolle jo dit dwaan of dat? Ik koe him rêstich freegje wat ik woe. It wie hiel fertroud en in stik komfortabeler."
Dat it de ferpleechkundigen tiid skeelt, sjocht Van der Veen ek wol. Hy gie mei Jannie te kuierjen en naam har ek mei nei bûten as it koe. Jannie: "Dêr hat it personiel net samar tiid foar, en foar it better wurden is it just wol goed."
Drok
Foar Johannes gie in nije wrâld iepen. Hy waard in soarte fan oplaat ta medysk helpferliener. "Ik haw dêr twa-en-in-heale wike yntern west, hiel bysûnder. Ik haw dêr ek hiel goed leard hoe't ik myn frou helpe kin."
Jannie: "Hy hie it der suver drok mei. De sonde trochspiele, prikke om te sjen hoe't it mei de sûker wie. Hy hie hast gjin tiid foar himsels."
Respekt foar it personiel
"As ik allinnich mar op besite kommen wie, dan hie ik Jannie skjin en wosken op bêd sjoen", seit Johannes. "No haw ik alles deromhinne sjoen, by nacht en ûntij. Mei alle positive en negative saken dy't dêrby hearre."
Wat benammen hingjen bliuwt, is de wurdearring foar it personiel.
Doe't se wer thúskamen, wie it earst dreech opstarten, seit Johannes: "Der komt ynienen in hiel soad op je ôf. Dan moatte der ynsulinespuiten besteld wurde, sondefieding, neam mar op. Mar je hawwe der wol fertrouwen yn. As der in alarm ôfgiet, witte je wat oft je dwaan moatte en op hokker knop oft je drukke moatte."
Proefpersoanen entûsjast
By it MCL begjint it no pas. De earste proefpersoanen jouwe oan dat it goed foldocht. Mar, sa seit Marije Hogeterp, it moat wol passe. Dêrom binne der earst petearen oer wat it betsjut.
De resultaten yn Amsterdam jouwe ek hoop. Njonken dat der minder thússoarch nedich is, fiele se har oer it generaal ek better.