Trochstream Oekraynske flechtlingen giet hieltyd dreger yn Fryslân

De Oekraynske flagge op It Hearrenfean © ANP Foto
De opfang fan Oekraynske flechtlingen rint stadichoan tsjin de limiten oan. Yn Fryslân wurdt it dreger om flechtlingen trochstreame te litten nei de ferskate gemeenten, en wurdt drok socht nei nije plakken.
Yn Utrecht is al gjin plak mear yn de Jaarbeurs, sei boargemaster Sharon Dijksma ferline wike. De trochstreaming nei ûnder oare Fryslân soe net genôch trochrinne.
Op It Hearrenfean stiet de 'hub' dêr't alle flechtlingen yn Fryslân binnenkomme. Se moatte nei maksimaal in pear dagen wer trochstreame nei fêste plakken yn de gemeenten. En just dat diel is dreech, seit projektlieder flechtlingen fan de gemeente Hearrenfean Susan Haanstra.
"It is wol troch de sluting fan Utrecht dat dat hieltyd dreger is. Der binne noch wol 80 plakken beskikber, mar dat is faak ien plak op de iene lokaasje of twa op in oare lokaasje. Dan wurdt it lestich om in húshâlding fan fiif of seis minsken te pleatsen."

Fan âlde hotels oant sjalets

De lokaasjes dêr't se dan terjochte komme, ferskille bot per gemeente en per soart opfang. "Dat kinne âlde hotels wêze, of gebouwen dy't troch de gemeente hierd wurde, wengroepen, somtiden wenunits, sjalets."
Omdat it tal Oakraynske flechtlingen driget oer te streamen binne ferskate gemeenten yn Fryslân al drok dwaande om nije plakken te realisearjen, neffens Haanstra. "Der steane in oantal plakken op de planning dy't hast klear binne. Wy hoopje dat dy de kommende wiken en moannen dan klear binne."

Wurch

De flechtlingen sels fernimme ek dat de romte oprekket. "Wy fernimme dat de Oekraïners dy't no binnenkomme ek hiel graach hjir bliuwe wolle en dat se fernimme dat it begjint te knipen yn Fryslân."
Haanstra seit dat de gemeentlike lokaasje op It Hearrenfean yn itselde gebou as de hub yn de smaak falt by de flechtlingen. "Se fine dit wol in moaie lokaasje. Guon binne al dagen oan it reizgjen en binne ek ta oan rêst."
"Sjochst it faak wol yn harren eagen dat se wurch binne, en dat se graach gewoan in echt plak ha wolle om te wenjen", beslút Haanstra.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.