FIDEO: Sa wurdt in hoarnbijnêst sa grut as in fuotbal opromme
It is in hiele poepetoer. It fuortheljen fan in grut nêst Aziatyske hoarnbijen yn Ljouwert. Mar twa bestriders weagje harren oan it opromjen fan de grutte hoarnbijen.
It nêst hinget yn in beam oan de Anne Vondelingweg yn Ljouwert. De bestriders, Erik van Rijs en Dennis Bles, troffen it sels oan. Der binne noch gjin hoarnbijbestriders yn Fryslân, dus dogge de mannen it sels.
In prik fan it bist is hiel pynlik. Dus pakke de bestriders de put op mei in ekstra sterk pak, moffen, learzens en in helm mei beskermingsbril.