Dútske rjochter ferbiedt oanlis kabel gasprojekt ONE-Dyas by Skiermûntseach

It no noch driuwende boarplatfoarm Prospector 1 fan ONE-Dyas © Greenpeace
It gaswinningsprojekt oan de noardkant fan Skiermûntseach is tsjin in nij juridysk obstakel oan rûn. De rjochtbank yn it Dútske Oldenburg ferbiedt gasbedriuw ONE-Dyas foarearst de oanlis fan in ûnderseeske kabel.
Dy kabel moat it winningsplatfoarm fan stroom yn de omjouwing foarsjen.
Miljeu-organisaasje Deutschen Umwelthilfe (DUH) hie beswier makke tsjin de oanlis fan de kabel, omdat neffens de organisaasje natuerlike riffen skansearre reitsje kinne troch de wurksumens.

'Flaters yn tapassing natuerwetjouwing'

Der is noch gjin definitive útspraak oer de fergunning dy't de Dútske autoriteiten ôfjûn hawwe foar de oanlis fan de stroomkabel. Yn ôfwachting fan it einoardiel troch oare rjochters mei de oanlis fan de kabel no lykwols net begjinne.
De rjochters yn Oldenburg stelle yn it fonnis ek al fêst dat der flaters makke binne yn de tapassing fan de natuerwetjouwing.
Yn Nederlân hat de Raad van State resint noch bepaald dat de oanlis fan it boarplatfoarm op de Noardsee wol begjinne mei, al rint tsjin de gaswinning ek noch in juridyske proseduere.
Aksjefierders Greenpeace beklimme boarplatfoarm ONE-Dyas boppe Skiermûntseach © Axel Heimken / Greenpeace
Ek Greenpeace is bliid mei de Dútske útspraak. Aksjefierders fan de miljeu-organisaasje holden meardere protesten by it boarplatfoarm by Skiermûntseach. Neffens Greenpeace is de kabel hiel belangryk foar it projekt:
"De Nederlandse vergunning biedt geen ruimte voor de verbranding van fossiele brandstoffen, dus het gebrek aan groene energietoevoer is een groot probleem voor het fossiele bedrijf ONE-Dyas."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.