Gasbedriuw sleept Greenpeace foar rjochter om aksje boppe Skiermûntseach
Gasbedriuw ONE-Dyas easket by de rjochter dat Greenpeace in ein makket oan de demonstraasje op see boppe Skiermûntseach.
Aksjefierders fan Greenpeace binne al sûnt tiisdeitemoarn yn lytse boatsjes op see, op it plak dêr't ONE-Dyas in boarplatfoarm opbouwe wol.
Neffens it gaswinningsbedriuw binne ôfspraken makke mei de Nederlânske en Dútske autoriteiten oer de levering fan gas oan de ein fan it jier.
ONE-Dyas wol it wurk foar de ein fan de simmer klear meitsje, sadat de gasproduksje yn desimber fan dit jier úteinsette kin.
Boppe de wet
"Tegenstanders van het project hebben steeds geprobeerd om via de rechter het project tegen te houden", seit topman Chris de Ruyter van Steveninck fan it gaswinningsbedriuw.
"Dat is hun goed recht, maar de rechter is hier niet in meegegaan. Wij kregen van de rechter het gelijk aan onze zijde. Met de actie op de Noordzee probeert Greenpeace alsnog zijn gelijk te halen en stelt zich daarmee boven de wet."
It bedriuw easket no yn in koart pleit dat Greenpeace in twangsom betellet fan 100.000 euro foar alle oeren dat de aksjefierders dêr bliuwe, mei in maksimum fan 10 miljoen euro. Dat meldt Greenpeace.
Vreedzaam en veilig
De aksjefierders sizze dat se net ophâlde mei harren aksje. "ONE-Dyas is het zoveelste fossiele bedrijf dat ons het zwijgen probeert op te leggen", seit Maarten de Zeeuw fan Greenpeace Nederland.
"Boren naar nieuw gas is en blijft onverstandig en wij zijn vastberaden om deze nieuwe gasboringen te voorkomen. De actie verloopt vreedzaam en veilig, dat erkennen ook de autoriteiten ter plekke. Wij maken gebruik van ons recht op protest."
De rjochtsaak tsjinnet tongersdeitemoarn om 10 oere.