Greenpeace fiert op 'en nij aksje op Noardsee by boarplatfoarm ONE-Dyas boppe Skiermûntseach

Boarplatfoarm Prospector 1 fan ONE-Dyas boppe Skiermûntseach © Greenpeace
Sa'n tweintich demonstranten fan Greenpeace demonstrearret op 'en nij tsjin gaswinning op de Noardsee by it boarplatfoarm fan ONE-Dyas boppe Skiermûntseach.
Neffens de aksjegroep hawwe de aktivisten trije driuwende platfoarms fêstlein op it plak dêr't it boarplatfoarm komme moat. Boppedat wurdt neffens de groep mei spandoeken op boaten protestearre.
Natuerorganisaasjes besochten earder om fia de rjochter foar te kommen dat ONE-Dyas op it plak yn de Noardsee nei gas boarje kin. Dat mislearre, it heger berop tsjin dat beslút rint noch.

Net it earste protest

Yn juny demonstrearre Greenpeace ek al by itselde boarplatfoarm. Fiif aksjefierders beklommen it platfoarm doe, om sa de wurksumheden fan it gaswinningsbedriuw stil te lizzen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.