Waarmte fan De Luts moat Balk yn 2030 fan it gas helpe: "It draachflak is grut"
De simmerske waarmte fan it wetter fan De Luts moat yn de takomst brûkt wurde om huzen yn Balk te ferwaarmjen. Seis grutte partijen hawwe in akkoart ûndertekene om dat projekt binnen in pear jier te realisearjen.
Yn 2030 moat it safier wêze. Dan wol de Energie Coöperatie Balk it doarp ierdgasfrij ha. Dat wolle se - krekt as yn Heech - berikke mei in waarmtenet.
In belangrike rol is weilein foar it rivierke De Luts dat troch it doarp streamt. Simmerdeis waarmet it wetter fan De Luts op. Dy waarmte moat opslein wurde yn de grûn, om der dan winterdeis wer út oppompt te wurden.
De waarmte fan it fabryk fan AVK Plastics wurdt ek brûkt foar it projekt. Dat bedriuw is ien fan de seis partijen dy't moandei de hantekening set hawwe om it projekt te realisearjen.
Ferlies fan waarmte
By it bedriuw binne se bliid dat se waarmte, dy't frijkomt by de produksje fan keunststofpallets, oan it doarp leverje kinne. No ferdwynt dy waarmte noch de bûtenloft yn.
Dat is skande, seit produksjelieder Durk Jan de Vries fan it fabryk. "It is foar ús kostebesparjend. We sitte hjir no sa'n 24 jier en it is foar ús ek in wize om wat werom te dwaan foar Balk."
Njonken AVK Plastics ha ek de gemeente De Fryske Marren, wenningboukorporaasje Dynhus, de ûndernimmersferiening, pleatslik belang en de Energie Coöperatie Balk de partijen harren hantekening ûnder de ôfspraken set.
"We ha in helberensûndersyk dwaan litten en dêr blykt út dat it finansjeel kin", seit projektlieder Goffe Venema. "We stean foar ús ambysjes om Balk yn 2030 fan it ierdgas ôf te krijen. No sette we de folgjende stap."
Dat wol sizze dat se fierder ûndersykje hoe't se it bêste in eigen waarmtebedriuw oprjochtsje kinne. Se sette ek yn op it ynformearjen fan de Balksters.
Kosten
"It draachflak is grut", seit Venema. "In soad minsken ha ynteresse. Mar minsken sizze ek dat se dúdlik witte wolle wat de kosten binne foardat se in hantekening sette. Dêr binne we no drok mei dwaande."
De Vries wurdt entûsjast at er oer it projekt praat. Hy sjocht it as in win-winsituaasje foar it doarp en fansels ek syn eigen fabryk.
"Wy binne hiel drok dwaande mei duorsum ûndernimmen. De pallets meitsje wy fan recycled plastic dat fan ôffalferwurker Omrin komt. Sa kinne we ek hjir in stap sette."
Stabyl en leech
Foardat it safier is, moat der noch in soad dien wurde. Om de 1400 huzen yn it doarp oan te sluten op sa'n waarmtenet moat in folslein netwurk oanlein wurde.
Dochs tinkt Venema dat it slagje sil. Hy is derfan oertsjûge dat it kin foar 2030.
"Wy tinke echt dat it kin. It kostet no in soad tiid en muoite, mar it smyt ek wat op: stabilere en legere prizen as ierdgas, tinke wy."