FIDEO: Elkenien kin meidwaan oan de Nasjonale Fierljep Manifestaasje, mar wa wint?

Noa de Boer wûn de NFM foarich jier by de famkes, se is no wer ien fan de favoriten © Martin de Jong
Altyd al ris meidwaan wold oan in finale by it fierljeppen? By de Nasjonale Fierljep Manifestaasje op it Heidenskip is dat mooglik. It is alle jierren wer in bysûndere wedstriid op de kalinder.
Sjoch hjir hoe't de Nasjonale Fierljep Manifestaasje dit jier gie:
Gewoanwei bestiet it fierljeppen út ferskate klassen wêr't springers harren foar kwalifisearje moatte. Mar foar ien wedstriid wurdt in útsûndering makke: de Nasjonale Fierljep Manifestaasje op it Heidenskip. Elkenien kin ynskriuwe en besykje om de finale te heljen. Dêrfoar moat der wol in limyt sprongen wurde.
"It is altyd wer dy bysûndere sfear derom hinne dy't it nijsgjirrich makket", seit Anne van der Zee. Hy is foarsitter fan fierljepferiening It Heidenskip en hat nocht oan de wedstriid, dy't sûnt 1989 organisearre wurdt.
"Der dogge sa'n 250 minsken mei en elkenien wol dy gouden hanger (de priis, red.) winne. Mar je moatte wol realistysk wêze, want de rekreanten sille net gau de limyt springe. Dus de prizen wurde ferdield ûnder de echte ljeppers."
De wedstriid fan sneon is de fiifde fan sân fierljepwedstriden dy't Omrop Fryslân dit jier live útstjoerd. Sjoch hjir foar alle ynformaasje oer it fierljeppen by Omrop Fryslân.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.