Histoarysk fierljeppen yn Burgum: junioarerekôr hellet krekt keningstitel net

De winners (f.l.n.r.): Brent Monsma, Femke Rispens en Freark Kramer © Martin de Jong Fotografie
It waard in rekôrjûn by it fierljeppen yn Burgum. Michiel Zijlstra fan Easthim ljepte in nij Frysk junioarerekôr (21,30 meter). Ferrassend genôch wie it net genôch foar de keningstitel, want Freark Kramer sprong letter nei 21,39 meter.
Yn Burgum stiet tradisjoneel alle jierren it Keningsljeppen op de planning. De fierste ljepper by de manlju (junioaren en senioaren) wint de keningstitel.
Michiel Zijlsta ljepte dus in rekôr by de junioaren, mar senior Freark Kramer sprong dêr nochris oerhinne.
"Dit is in moaie wedstriid om te winnen", seit Freark Kramer fan It Heidenskip. "It is gewoan in dreamwedstriid sa't je him springe wolle. Ik ha fjouwer kear fierder sprongen as dat ik ea dien ha."
Michiel Zijlstra © Martin de Jong Fotografie
"Ik ha dit rekôr leaver as de titel", seit Zijlstra fan Easthim. Alles foel goed foar him op dizze moaie simmerjûn yn Burgum.
It publyk kaam fan de banken ôf om te applaudissearjen foar syn sprong. "Ik hong presys goed yn de stok en myn gefoel wie goed. Ik stie folslein stil en dus wist ik dat ik fier klimme koe."
Ljeppers yn aksje © Martin de Jong Fotografie
De rekôrs fleane dit seizoen út de boeken. Fierljepkanon Germ Terpstra mocht in moanne earder 21,20 meter notearje by de wedstriid yn It Heidenskip. Dat giet no dus al wer út de boeken.
Regels by it Keningsljeppen:
De dielnimmers moatte harren earst pleatse foar de finaleronde, yn de finale begjint eltse ljepper wer op nul.
De finalisten krije allegearre trije sprongen om de fierste ôfstân del te setten.
Ljeppers út de twadde of tredde klasse dy't middeis in ôfstân delsette dy't fier genôch is foar in finaleplak, meie jûns meidwaan oan de einstriid.
Der kaam in soad publyk op de wedstriid yn Burgum ôf, de bulte siet fol. De taskôgers hiene ek nochris prachtich fierljepwaar, want mei sa'n 30 graden en amper wyn wie it yn 't foar al in serieuze jûn om nei rekôrs te springen.
Zijlstra die dat en moast lang wachtsje op de útslach. Om't it om in rekôr gie, moast alles goed berekkene wurde.
"Ik siet in bytsje tusken it Fryske en it Nederlânske rekôr yn by dy earste mjitting. Dus dat wachtsjen fûn ik prima. Ik bin tige tefreden."
Ik had het eerlijk gezegd niet verwacht. Bij de vrouwen kan iedereen winnen en we zijn allemaal concurrent van elkaar.
Femke Rispens
De froulju en de famkes ljeppe om de titel 'keninginne', dy't mei 16,04 meter nei Femke Rispens út Niehove gie.
"Ik had het eerlijk gezegd niet verwacht. Bij de vrouwen kan iedereen winnen en we zijn allemaal concurrent van elkaar. Dus je gaat uiteraard voor je beste sprong, want je maakt altijd kans. Ik ben echt heel blij."
De fierste jonge mei him in jier lang 'prins fan Burgum' neame. Dat is Brent Monsma fan Tsjummearum, hy ljepte nei 17,68 meter.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.