Nije ûntwikkeling yn saak-Joost Klein: ekstra tsjûgen heard
It Nederlânsk Iepenbier Ministearje (IM) hat foar de saak om Joost Klein hinne de ekstra Nederlânske tsjûgen heard foar wa't in Europeesk ûndersyksbefel stjoerd wie troch it IM yn Sweden. Dat lit in wurdfierder fan it Lanlik Parket witte oan it ANP.
"Het Landelijk Parket heeft op verzoek van de Zweden de getuigen gehoord. We hebben de zaak afgerond en gaan dat terugkoppelen aan de Zweden", seit de wurdfierder, dy't ek witte lit dat út Nederlân wei fierder neat oer de saak sein wurde kin, omdat it in Sweedske saak is.
It fersyk foar de ekstra ferhearen kaam earder fan de advokaat fan de 26-jierrige Klein en waard offisjeel ferstjoerd troch de Sweedske offisier fan justysje Fredrik Jönsson.
'Driigjende beweging'
Klein waard yn maaie diskwalifisearre mei it Songfestival, nei't hy neffens omrop AVROTROS in 'driigjende beweging' nei in frou makke hie. Sy soe Klein filme hawwe wylst meardere kearen ôfpraat wie dat dat net de bedoeling wie.
Earder waard foar it proses in foarriedige datum fêststeld foar begjin juny, mar ûnder mear troch de ekstra ferhearen die bliken dat dy net helber wie. Wannear't de saak no tsjinnet, is noch net bekend.