Oanlis boarplatfoarm ONE-Dyas mei troch, mar stroomkabel kin noch net yn it stopkontakt

It no noch driuwende boarplatfoarm Prospector 1 fan ONE-Dyas © Greenpeace
Gasbedriuw ONE-Dyas mei trochgean mei de oanlis fan in boarplatfoarm boppe Skiermûntseach. Dat hat de Ried fan Steat bepaald. De foarsjenning dy't yntsjinne wie troch miljeuorganisaasjes is dêrmei net langer fan krêft.
De foarsjenningsrjochter is der "op voorhand niet van overtuigd dat eventuele gebreken in de besluitvorming fataal zullen zijn voor de uiteindelijke realisering van het initiatief van ONE-Dyas en dat het initiatief vanwege die gebreken in zijn geheel geen doorgang kan vinden."
Dat betsjut dat de ôfwaging fan belangen yn dizze proseduere yn it neidiel fan de natuerorganisaasjes útfalt.
"Teleurstellende uitspraak wat ons betreft", seit Jorien Bakker fan Natuurmonumenten yn in earste reaksje. "Maar het is nog geen gelopen race; het beroepschrift ligt er nog."
Aksjefierders fan Greenpeace beklommen út protest tsjin nije gaswinning begjin juny it boarplatfoarm fan ONE-Dyas © Greenpeace
"Midden in de klimaatcrisis en naast de kwetsbare Waddenzee naar nieuw gas boren is en blijft onverstandig", seit Faiza Oulahsen, haad Klimaat & Energie by Greenpeace. Neffens har is it oan de polityk om alle nije fossile ynfrastruktuer te ferbieden om sa de klimaatkrisis oan te pakken.

Fertraging leit op 'e loer

It is in geunstich beslút foar it gasbedriuw. Dochs driget ekstra fertraging foar ONE-Dyas by it boarjen nei gas boppe Skiermûntseach. Dat komt troch problemen mei de fergunning foar de stroomkabel.
It bedriuw wol graach sa gau as mooglik begjinne mei it winnen fan gas út de Noardsee. Dêrfoar binne sawol Nederlânske as Dútske fergunningen nedich.
ONE-Dyas wol gas winne út it gasfjild N05-A. Dat leit tweintich kilometer noardlik fan Skiermûntseach yn de territoriale wetters fan Nederlân en Dútslân.
It bedriuw krige yn 2022 in fergunning fan steatssekretaris Vijlbrief fan Mynbou om dêr gas te winnen. De Dútske dielsteat Nedersaksen joech ek in fergunning ôf.
It plan is om it boarplatfoarm oan te sluten op it Dútske wynpark Riffgat. Dêrmei soe it it earste platfoarm yn Nederlân wêze dat op elektrisiteit wurket.
Wynpark Riffgat yn it Dútske part fan de Waadsee © ANP / dpa Picture-Alliance
In kabel oer de seeboaiem moat beide ynstallaasjes oaninoar keppelje.

Fergunnings

Dêrfoar binne twa fergunnings nedich. In wetter- en in natuerfergunning. Beide binne yn 2022 ôfjûn troch it Dútske ministearje dat deroer giet.
Dêrby is wol it betingst jûn dat it lizzen fan de kabel net úteinsette mei oant alle fergunningen fan it projekt yn Nederlân yn oarder binne.
Bewenners fan Borkum prostestearre tsjin de gaswinning © ANP / dpa Picture-Alliance
Boppedat is der tsjin beide Dútske fergunningen beswier makke. ONE-Dyas mei dus noch net úteinsette mei it lizzen fan de stroomkabel.

Riffen

Fierder binne der, sûnt it ferlienen fan de fergunningen yn 2022, spesjale riffen yn it gebied ûntdutsen. Dy lizze ûnder oare op de rûte fan de stroomkabel.
Op grûn fan de Dútske milieubeskermingswet is nij ûndersyk nedich nei de ympakt fan de aktiviteiten op dizze riffen.
"Zolang deze niet op bevredigende en legale wijze zijn uitgevoerd, kan de aanleg van het kabeltracé niet beginnen", seit in wurdfierder fan it Dútske ministearje yn in reaksje fia de mail.

Dútske wjerstân

Aksjefierders fan de Dútske natuerklup Deutsche Umwelthilfe (DUH) sizze dat sy ferwachtsje dat it minimaal noch in pear moannen duorret foar't der überhaupt in beslissing falle kin.
Earder soe it ûndersyk en de ôfhanneling fan de beswieren net dien wêze. De DUH is ien fan de partijen dy't beswier makke hat tsjin de stroomkabel fan ONE-Dyas.

Reaksje ONE-Dyas

"De vergunning voor het leggen van de stroomkabel is in 2022 afgegeven. Daar zijn bezwaren tegen ingediend. Daar kijken we nu naar", lit in wurdfierder fan ONE-Dyas witte.
It gasbedriuw hat de oanlis fan de stroomkabel yn de planning stean foar healwei augustus. De kâns liket lyts dat it Dútske fergunningstrajekt dan hielendal klear is.
In augustus kijken we naar de stand van zaken voor het leggen van de kabel.
Corine Toussaint, wurdfierder ONE-Dyas
Bykommend probleem is dat de fergunning foar it lizzen fan de kabel net it hiele jier jildich is. Dat mei allinnich tusken 1 july en 30 septimber.
"Wij gaan door met de werkzaamheden op locatie. In augustus kijken we dan naar de stand van zaken voor het leggen van de kabel."
"Mocht dan blijken dat het niet mogelijk is, moeten we terug naar de tekentafel."
It boarplatfoarm yn oanbou yn Schiedam © HSM Offshore Energy
Hoewol't ONE-Dyas dus freed foarearst gelyk krigen hat by de Ried fan Steat kin it boarjen boppe Skiermûntseach noch altyd flinke fertraging oprinne.
En dat alles fanwegen in stroomkabel dy't der just foar soargje moat dat de útstjit by de gaswinning praktysk nul wêze sil.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.