Femke Wiersma moat 'oan de bak' om de lânbou út de krisis te heljen
It kin hurd gean yn 'e polityk. Femke Wiersma fan Holwert is tiisdei as beëage minister fan Lânbou yn Den Haag foar in goed petear mei formateur Van Zwol en de beëage premier Dick Schoof. Wiersma mei de kommende tiid besykje om as minister foar de BoerBurgerBeweging de takomst fan de lânbou in ympuls te jaan.
Boeren moatte perspektyf krije en minder pleage wurde troch regels út Den Haag en Brussel, sa is it doel. It nije kabinet sil ek net stjoere op krimp fan de feesteapel, sa stiet yn it haadline-akkoart fan it nije kabinet.
Noch mar trije jier lyn lei it lân der hiel oars hinne. Wiersma reizge doe it hiele lân troch foar de earste Keamerkampanje fan de doe noch relatyf ûnbekende BBB. De opinypeilers joegen de BBB doe nul sitten, mar neffens Femke Wiersma koe dat net wier wêze. "Op it plattelân wurdt minder peild", sei Wiersma doe. "As ik sjoch hoe massaal de stipe is dy't wy krije, dan kinne wy wolris de ferrassing fan de wedstriid wurde."
Wiersma krige gelyk. Listlûker Caroline van der Plas melde har op 'e trekker op it Binnenhof. Femke Wiersma krige sels 25.000 foarkarstimmen. Se kaam krekt net yn de keamer, mar fêstige har namme as stimmelûker. "Se sprekt de minsken oan", seit foarsitter Hendrik Galema fan de Agraryske Jongerein Fryslân oer Wiersma. "Se praat gewoane minsketaal en wit hoe't it lân der yn Fryslân hinne leit."
Dêrnei gie it hurd mei de BoerBurgerBeweging. De partij krijt de wyn fol yn de seilen nei de presintaasje fan it stikstofplan fan minister Christianne van der Wal fan natuer en stikstof. Wiersma neamde doe de stikstofdoelen en de byhearrende stikstofkaart fan it kabinet 'absurd'. "Dit wurdt it fallyt fan de boeresektor en in kealslach op it plattelân."
Wiersma spruts doe ek de ambysje út om de BBB 'de grutste partij fan Fryslân' te meitsjen én de nije deputearre fan lânbou te leverjen.
De saken feroarje
Dy ambysje makket de partij in jier letter wier. Mei fjirtjin sitten wurdt de partij yn 2023 fierwei de grutste yn Provinsjale Steaten en Femke Wiersma wurdt deputearre fan lânbou, sport en erfgoed. "Ik kommittearje my oan myn heitelân", seit Wiersma op de dei nei de ferkiezings yn de tv-studio fan Omrop Fryslân. "Ast in bestjoersfunksje oangiest, dan fyn ik datst dat ek ôfmeitsje moatst,"
Wiersma wie doe net fan doel om nei Den Haag te gean, mar no't har freondinne Caroline van der Plas, de partij en it lân in berop op har dogge, lizze de saken dochs oars.
Wiersma neamt it no 'hiel earfol' om frege te wurden foar de post fan minister fan lânbou. As âld-boerinne en âld-beliedsmeiwurker fan de Nederlandse Melkveehouderij Vakbond hat Femke Wiersma doel oer lânbou, mar dat wol net sizze dat se it maklik krije sil.
"Der is in soad stil leed yn de sektor", seit Galema fan de Agraryske Jongerein Fryslân. "Der binne bedriuwen dy't sa goed as niks fertsjinje troch it ôfbouwen fan de derogaasje. Dy bedriuwen moatte ophâlde as de situaasje net gau feroaret."
It nije kabinet sil de kwestje 'urginte oandacht' jaan en ynsette op 'regiospesifike derogaasje'. Fryslân soe dan, as it Wiersma slagget om hjir ôfspraken oer te meitsjen mei de Europeeske Uny, dochs wer mear stront útride kinne. "It is moai opskreaun yn it haadline-akkoart, mar ik freegje my ôf oft it allegearre helber is", seit Galema hjiroer.
In twadde akút probleem is de situaasje fan de PAS-melders, de boerebedriuwen dy't gjin fergunning hawwe sûnder dat se dêr sels skuld oan hawwe. "Dat moat wat my oangiet prioriteit 1 wêze", seit Galema dêroer.
It nije kabinet wol dat oplosse troch de drompelwearde foar stikstof te ferheegjen oant op syn minst ien mol de bunder yn it jier. Op basis fan dy ôfspraak kinne PAS-melders legalisearre wurde, sa is it doel.
'Donderslag bij heldere hemel'
Ferline wike naam Wiersma as deputearre fan Fryslân it beslút om it Frysk Programma Lanlik Gebied FPLG 'on hold' te setten. Dat beslút kaam foar de measte belutsenen as in ferrassing. Steatelid Jochem Knol fan GrienLinks hat it sels oer 'een donderslag bij heldere hemel'. "Het was een besluit zonder draagvlak. Met uitstel wordt niemand geholpen. Je helpt er de boeren ook niet mee."
Hendrik Galema fan de AJF is der ek net wiis mei. "Ik haw foar dit ferhaal wol fjirtich kear foar oerlis yn it provinsjehûs west en no ha we wer gjin dúdlikheid. As de doelen foar stikstofreduksje wol stean bliuwe dan sjitte we mei dit beslút neat op."
Galema hopet dat de nije minister fan lânbou gau dúdlikheid jaan kin oer hoe't it fierder moat mei it lanlik gebiet en de stikstofdoelen. "De bal leit no echt by Femke."
It foarbyld fan it FPLG lit neffens Knol sjen dat Wiersma net altyd de muoite nimt om draachflak te kreëarjen foar de besluten dy't se nimt. Hy hat persoanlik neat op Wiersma tsjin, mar is net oertsjûge fan har bestjoerlike kwaliteiten.
"De BBB heeft zeer effectief zaken op de politieke agenda gezet, maar zaken bestuurlijk voor elkaar krijgen is een heel ander verhaal. Daarvoor moet je een verbinder zijn en diplomatieke gaven hebben, zeker in Brussel", seit hy.
Ek natuer
Knol fynt ek dat Wiersma der goed oan docht om har te realisearjen dat se njonken minister fan lânbou ek minister fan natuer wurdt. "Ze is soms te eenzijdig in haar focus. Bij de eerste reactie op haar voordracht nam ze het woord natuur niet eens in de mond. Dat is de Nederlandse natuurorganisaties niet ontgaan. Het lijkt me niet handig voor een nieuwe minister."
It Frysk Programma Lanlik Gebiet wurdt as it oan Knol leit gewoan trochset. "Een gedeputeerde mag zoiets nooit alleen beslissen. Uiteindelijk hebben Provinsjale Steaten het laatste woord."