Reislust brocht Christina nei 'prachtich' Mozambyk: "Mar net altyd maklik"

Christina Sietsma © Christina Sietsma
As Christina Sietsma fan De Rottefalle nei bûten sjocht, is it as sjocht se nei in libbene aansichtkaart. Azuerblau wetter en hagelwite strannen kleurje har útsicht. "It is prachtich hjir yn Mozambyk. Mar it is net altyd like maklik."
Doe't Christina Sietsma yn 2021 mei har Ierske man Gerry op fakânsje gie nei Mozambyk, rette immen har oan om ris yn Vilankulo te sjen. Dat advys waard opfolge en al gau waard it stel fereale op it kustplakje dêr't se oant hjoed-de-dei wenje.

'Is dit it no?'

De twa moeten inoar yn Amsterdam. Christina wurke yn de reisbrânsj en Gerry hie in goede baan yn de entertainmentsektor, ûnder oare by Disney on Ice. Mei harren jetsetlibben sieten se yn lúkse en komfort, mei in moai grêftepân en gâns fakânsjes.
Dochs bekrûpte harren it gefoel: 'Is dit it no?'
Mei har man Gerry © Christina Sietsma
De koffers waarden al gau pakt. De kar foel op Lagos yn Portugal. Dêr ferbleaune se njoggen jier, oant 2019. Doe ruilen se de Portugeeske strannen yn foar Nederlân. Nei't se twa jier letter Mozambyk ûntdutsen, wie harren folgjende halte bekend: Vilankulo.
"Ik wie foar it earst yn Afrika yn 1996 en waard fereale op it kontinint. Mozambyk is prachtich. It is boppedat in Portugeeske koloanje, dus se prate de taal dy't we wend binne. En alles is hjir prachtich grien, plus we wenje oan de Yndyske See", fertelt Sietsma.

Iennige Nederlanner

Mar de oerstap hat ek in oare kant. "Yn it Europeeske Portugal gie alles foar ús dochs wat makliker. It fielt hjir ek echt fierder wei. En in soad sosjale kontakten ha we net. Yn Portugal wiene der in soad bûtenlanners. Hjir binne wy de iennige Nederlanner en Ier. De gesellichheid misse dan ek wolris."
Har âlders op besite © Christina Sietsma
"Gesellichheid as in leuk kroechje yndûke mei in blokje tsiis derby. Myn man is Iersk, dat dy is it publibben wend. Hast hjir wol in strântintsje, mar it is net itselde", seit Sietsma, dy't sûnt koart Uniek Mozambique opset hat.
"Ik organisearje reizen foar minsken dy't hjirhinne komme wolle. Mozambyk is in frij ûnbekende, autentike reisbestimming. Ik help minsken mei it gearstallen fan harren reis."
It is moai datst ûnderfiningen letter miskien meinimme kinst nei Fryslân.
Christina Sietsma fan De Rottefalle
Sietsma seit dat de leafde foar it reizgjen altyd wol yn har siet. "Op myn trettjinde frege ik al oan ús mem oft ik op tienertoer mocht. Ik haw altyd de oanstriid om nije plakken te ûntdekken."
Oft Sietsma weromkomme sil nei Fryslân, wit se noch net. "Sis noait noait. Je witte net wêr't je útkomme. Ik lear hjir yn alle gefallen in soad oer minsken. It is moai datst dy ûnderfiningen letter miskien wer meinimme kinne nei Fryslân", beslút se.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.