Kening genietet yn Sint-Jabik: "Mooi om het vuur te zien bij al die vrijwilligers"

De kening op besite by De Opstap © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Robots meitsje, pizza's bakke en in toer troch de grientetún. Nei in moarnsbesite oan Heech waard kening Willem-Alexander fan 'e middei yn moetingsplak De Opstap yn Sint-Jabik rûnlaat troch in groep grutske frijwilligers.
De kening seit genoaten te hawwen in Sint Jabik en neamt inisjatyf De Opstap hiel bysûnder. "Mooi om dat vuur te zien bij al die vrijwilligers hier. Ik vind het heel bijzonder om te zien hoe een oude school toch weer een heel nieuw leven heeft gekregen en hoe het mensen opnieuw een kans geeft onderdeel te zijn van de gemeenschap."
Yn De Opstap binne meardere romten mei aktiviteiten, dêr't ynwenners mei-inoar yn kontakt komme kinne. De kening besocht er ûnder oaren bern dy't alle tongersdeis delkomme om te nifeljen.
Dizze dei stoarte se har op it meitsjen fan in robot. Ien fan de bern krijt de fraach hoe't er de moeting mei de kening fûn. "Ik vond het niet echt leuk om te laten zien waar ik mee bezig ben, want het was een verplichte opdracht." It praatsje fûn er dan wol wer moai.
Hilda de Vries, learkrêft stiper, fûn de komst fan Willem-Alexander spannend yn it foar. "Je hebt met zijn allen natuurlijk toegeleefd naar dit moment. Maar de koning is heel ontspannen en stelt je op je gemakt. Dus achteraf viel het allemaal wel mee."

Hollen boppe it sket

Dêrnei wachte in rûnlieding troch de grientetún fan De Opstap. Ek de buorlju blike op 'e hichte fan de komst fan de kening. Meardere gesichten stekke boppe it sket út en in jong famke rikt him dêrwei in selsmakke tekening oan.
De kening by De Opstap © Omrop Fryslân
Efkes fierderop binne bern drok oan it itensieden, in wyklikse aktiviteit by De Opstap. Op de fraach fan de kening wat se it leafste meitsje, binne se it allegear iens: "Pizza!" klinkt mei-inoar.
In deze jam zit evenveel pit als dat uw vrouw heeft.
In frijwillichster jout de kening sjem kado
Yn de lêste romte hingje donearre twaddehâns klean. Ien fan de oanwêzigen jout Willem-Alexander dêr in potsje sjem kado. "Alstublieft. Hier zit evenveel pit in als dat uw vrouw heeft."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.