Waarm ûnthaal foar de kening yn Heech: "Ik sil myn hân nea wer waskje"
In groep jonge wynsurfers en in grutte skare ynwenners fan Heech hat Willem-Alexander entûsjast ûnthelle. Hy begûn hjoed syn besite oan Fryslân yn it wettersportdoarp en reizget fan 'e middei troch nei Sint Jabik.
De kening geniete sichtber fan it entûsjasme yn Heech. Mei in boks begroete er de bern. "Ik sil myn hân nea wer waskje", rôp ien fan harren.
Hy gie troch nei ferieningsgebou 't Sylhûs, dêr't er yn petear wie mei de oprjochters en partners fan Warm Heeg.
Warm Heeg is in boargerinisjatyf dat besiket om kollektyf ôfstân te nimmen fan ierdgas. Nei syn petearen makket de kening in kuier nei it sintrum fan Heech, dêr't er ek mei ynwenners oer it projekt prate sil.
"Ik vind het heel boeiend om te zien hoe ze in Heeg van het gas af komen en aan een duurzame toekomst denken", sei de kening nei in petear mei ynwenners oer it inisjatyf. "Het is mooi dat ze hier als voorbeeld dienen voor de rest van Nederland."
Om 13.00 oere wurdt Willem-Alexander yn Sint Jabik ferwachte. Hjir sil hy by moetingsplak De Opstap sjen. Dit is in inisjatyf dat de leefberens fan it doarp ferbetterje wol troch ynwenners op in leechdrompelige wize mei-inoar yn kontakt te bringen.