Ynstallaasje nij boarplatfoarm ONE-Dyas foarearst stillein mei tydlike foarsjenning

Mei dit platfoarm waard yn 2018 in proefboarring dien © RTV Noord, Jeroen Berkenbosch
Gaswinningsbedriuw ONE-Dyas moat alle tariedings foar it nije boarplatfoarm boppe Skiermûntseach stillizze. Miljeu-organisaasjes hawwe dat mei in tydlike foarsjenning by de Ried fan Steat ôftwongen.
De tydlike foarsjenning makket dat de tastimming dy't it bedriuw hie fan de minister en steatssekretaris foar nije gaswinning foarearst skrast wurdt. Yn de wike fan 10 juny sil in sitting wêze. Dan wurdt besjoen oft de foarsjenning terjochte is of opheft of oanpast wurde moat.
It boarplatfoarm fan ONE-Dyas op de Noardsee, dat noch driuwt, is tiisdeitemoarn beklommen troch aksjefierders fan Greenpeace. Sy wolle sa lang mooglik op it platfoarm bliuwe om de ynstallaasje dêrfan te kearen. In wurdfierder fan it bedriuw lit witte dat dy aksje gjin fertraging opsmyt.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.