10 jier fuort: nije oanwizings yn ferdwiningssaak Sicco Cuperus
De ferdwûne maresjaussee Sicco Cuperus fan Ljouwert helle twa dagen foar syn ferdwining tsjin de regels yn syn tsjinstwapen op. Dat is ien fan de nije oanwizings yn de fermissingssaak fan Sicco Cuperus, dy't snein 10 jier lyn spoarleas ferdwûn.
Dat sizze resjerzjeurs yn in nije podcast fan Omrop Fryslân yn gearwurking mei sjoernalist Margriet Brandsma. Dêryn wurdt ek dúdlik dat de plysje in nasjonaal en ynternasjonaal ûndersyk begûn is nei syn finânsjes.
De plysje is op it stuit aktyf dwaande mei in ûndersyk. De hoop is dat it liede kin ta in trochbraak.
Sicco Cuperus wurdt sûnt 9 juni 2014 fermist. Hy ferskynt dan net op syn wurk by de maresjaussee yn Harns. Om't Cuperus hiel krekt is, slaan syn kollega's al gau alarm. Yn syn appartemint oan it Fliet yn Ljouwert fine se neat bysûnders.
Samar útnaaid
It liket dat Sicco om in boadskip is. Sa hinget syn telefoan noch oan de lader en stiet de stofsûger klear om te brûken. It iennige wat ûntbrekt, is syn auto. Dy wurdt in pear dagen letter weromfûn yn Marrum.
Fan Cuperus sels wurdt neat mear fernaam. Spoareûndersyk fan de maresjaussee smyt ek neat op: yn de auto en yn it appartemint wurde gjin oare spoaren oantroffen.
Ut it ûndersyk docht bliken dat Sicco Cuperus nei alle gedachten net fuort út Ljouwert wei nei Marrum riden is. De plysje ropt minsken op dy't Cuperus tusken 7 en 9 juny yn it folsleine gebiet fan Noardwest-Fryslân sjoen ha, har te melden.
It is in saak dy't Margriet Brandsma fuort pakt. Yn oparbeidzjen mei Omrop Fryslân-sjoernalist Geartsje de Vries hat se besocht in byld te krijen fan wat der de lêste dagen mei Sicco bard is. "Wat mij fascineert, is dat er echt geen enkel spoor is gevonden", seit Brandsma. "Waar is Sicco? Waar was hij bij betrokken?"
Yllegaal
Wat no dúdlik wurdt, is dat Sicco op 7 juny syn tsjinstwapen ophelle hat. "Dat is illegaal", seit Brandsma. "Hij was daarmee in overtreding." Dêrnei is hy noch sjoen yn Ljouwert en hat hy op Koehoal noch in bierke dronken mei in freon. Brandsma: "Daarna is er een informatiegat."
Nei't it earste ûndersyk neat opsmiet, liket de saak wat nei de eftergrûn te sakjen by de plysje. Cuperus wurdt meinaam op de ColdCase-kalinder fan 2019, mar foar de plysje is it perfoarst gjin cold case. It ûndersyk is yn al dy jierren, lytsskalich, gewoan trochgien.
"We hoorden van de politie dat ze actief aan het onderzoeken zijn. Het lijkt er op dat ze denken de zaak op te kunnen lossen." De plysje sels hoopt tichterby in oplossing te kommen.
In misdriuw?
In misdriuw wurdt net útsletten, sa lit de plysje witte. Dêr binne redenen foar. Oare mooglikheden wurde ek noch hieltyd meinaam yn it ûndersyk. Wêrom't in misdriuw net útsletten wurdt, wol de plysje net sizze. Brandsma: "Ik geloof veel meer in een misdrijf dan dat hij zelf uit het leven is gestapt. Dat scenario is ook altijd wel mogelijk. Maar als ik toch hoor wat voor man het was, is dat minder waarschijnlijk."
It byld dat Brandsma en De Vries krije, is dat fan in man dy't wurk en privee sekuer skieden hâldt. Hy hie ek in mysterieuze kant. "Hij leidde privé een soort dubbelleven." Sa hold Cuperus fan pokerjen. "Hoe ver dat ging, weet ik niet."
De earste twa ôfleveringen fan de podcast 'Sicco, de verdwenen marechaussee', komme op 9 juny online. Dêrnei folgje noch twa ôfleveringen op 16 en 23 juny. Abonnearje dy alfêst fia Spotify of Apple Podcasts.
Wat Margriet Brandsma en Geartsje de Vries woene, wie it ferhaal fertelle fan Sicco Cuperus. Him del te setten en dúdlik te meitsjen wa't hy wie. Mei meiwurking fan de plysje, famylje, freonen en maresjaussee, krigen se in nij byld fan de saak. Se hoopje dat it nije tips opsmyt dy't helpe kinne de saak op te lossen.